Skip to main content

Kultuerfestival Uit in Huis: Wolkom by de Fryske Akademy!

Op sneon 3 septimber is yn Ljouwert dé start fan it nije kultureel seizoen. Kulturele ynstellingen nûgje elkenien út om te sjen, te hearren en te belibjen. Kuierje fan teater nei musyk en fan ferhalen nei workshops. En kuierje nei de Fryske Akademy. Want ús ynstitút iepenet ek de doarren!

Kom del op de Doelestrjitte op sneon 3 septimber oankommend tusken 13.00-17.00 oere en gean werom yn de tiid yn seal Gryn, of sjoch hoe’t de eardere Noardertsjerke omfoarme is ta wurkromte foar wittenskipppers. Foar wa’t ek ynhâldlike kennis opdwaan wol, fersoargje wy ûnder mear minikolleezjes Aldfrysk

It ûnderkommen fan de Fryske Akademy hat in rike histoarje. It hie mar in bytsje skild of de pannen wiene der net mear west. Dat waard tefoaren kaam trochdat notaris Nanne Ottema 1937 it Coulonhûs oankocht. De gemeente stelde doe wol as betingst dat de boel opknapt wurde soe en ‘om het Coulonhuis beschikbaar te houden voor de bevordering en de bestudeering van oudere en nieuwe Friesche cultuur’.  

Troch de tiid hinne is dat bard. De lêste ferbouwing wie yn 2016. Bestudearring fan de âldere en nije Fryske kultuer giet sûnt 1938 – doe’t de Fryske Akademy oprjochte waard en in pear keamers taskikt krige yn it pân – aloan troch! 

De Fryske Akademy set him yn foar fûneminteel en tapast wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, skiednis en kultuer. Nei hast 85 jier is dy opdracht, dy't de Fryske mienskip de Akademy by de oprjochting meijoech, noch jimmer liedend.  

Mear ynformaasje oer Uit in Huis: https://www.facebook.com/UitInHuis