Skip to main content

Kuststripe Súd-Hollân yn HisGIS

Hans Mol by de lansearring fan HisGIS 1832 Zuid-Holland Kustzone, 17 jannewaris 2020. Foto: Jantsje Mol

In nij stik HisGIS is ree kommen: de kuststripe fan Súd-Hollân. Ofrûne freed is HisGIS 1832 Zuid-Holland Kustzone troch kultuerdeputearre Willy de Zoete fan de provinsje Súd-Hollân lansearre op it provinsjehûs yn De Haach.

It Napoleontysk kadaster fan 1832 is it ôfrûne jier digitalisearre foar de kuststripe fan Súd-Hollân: dat is sa’n bytsje it gebiet tusken Rotterdam en Noordwijk, mei ynbegrip fan de stêden Leien, De Haach, Delft, Vlaardingen, Schiedam en Dordrecht. It HisGIS-team fan de Fryske Akademy en it KNAW Humanities Cluster hat dat útfierd yn opdracht fan de provinsje Súd-Hollân.

De Súd-Hollânske stêden Rotterdam en Leien wienen al beskikber yn HisGIS. De provinsje wurdt foar safier mooglik noch útwreide. Dordrecht en omkriten, Pijnacker en Hillegom, dy’t net yn it oarspronklike dekkingsplan sieten, binne al fektorisearre – dus op perseel sichtber – en wurde op koarte termyn fan registerdata foarsjoen.

Nei oanlieding fan it iepenbier stellen fan HisGIS 1832 Zuid-Holland Kustzone wie der op it provinsjehûs in lyts sympoasium oer it belang fan it beskikber kommen fan it âldste kadaster fan Nederlân yn GIS, mei bydragen fan û.o. Hans Mol en Thomas Vermaut (HisGIS), Jaap Evert Abrahamse (Rijksdienst Cultureel Erfgoed) en Roos van Oosten (Universiteit Leiden).

Histoaryske TomTom

It HisGIS-projekt keppelet histoaryske ynformaasje oan digitalisearre kaarten. His stiet foar histoarysk en GIS foar Geografysk Informaasjesysteem. In hiel lytse GIS is de TomTom, mar mei HisGIS kin men tiidsreizgjen troch it ferline fan Nederlân. It fûnemint foarmet it digitalisearre âldste kadaster, dat yn de Frânske tiid útein set is en yn 1832 yngie. It Napoleontyske kadaster kin sjoen wurde as de earste systematyske en folsleine ynventarisaasje fan grûn, besit en kapitaal.

De HisGIS-website is yn 2005 troch de Fryske Akademy lansearre en is organisearre per gewest en stêd. De measte provinsjes en in tal grutte stêden hat HisGIS al op perseelnivo yn kaart brocht. Op termyn moat it systeem hiel Nederlân omfiemje. Om’t alle bestannen frij beskikber binne of komme foar ûndersyk, wurde bygelyks ek de ûnderskate Time Machines in Nederlân mei HisGIS boud. De kaarten en Time Machines binne fia in publyksviewer ek foar algemien gebrûk ûntsletten op www.hisgis.nl.

Gean nei:

Sjoch ek: