Skip to main content

Lêzingerige Lânboukundich Wurkferbân (Fryske Akademy) yn Frysk Lânboumuseum

Ir. Petra Berkhout

Ir. Petra Berkhout

It Lânboukundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy en it Frysk Lânboumuseum organisearje op freedtemiddei 18 novimber in lêzing. De oanfang is 14:00 oere. Sprekker is mw. Ir. Petra Berkhout, dy 't sûnt febrewaris 2001 as agrarysk ekonoom en senior ûndersiker wurksum is by Wageningen Economic Research (WEcR, foarhinne it LEI ). De titel fan har lêzing is: 'Kansrijke verdienmodellen voor de Friese boer en Agrofood sector: Benadering vanuit de wetenschap'.

 

Achtergrûn

It plattelân stiet foar grutte útdagingen: ferduorsumjen fan de lânbou, fersterkjen fan natuer, minder stikstofdeposysje, ôfremjen fan klimaatferoaring en ferbetterjen fan de wetterkwaliteit (tink oan derogaasje) binne tema’s dy't hast alle dagen yn it nijs binne. Alle sektoaren moatte hjirmei oan de slach, ek - en benammen - de lânbou. Hoe kinne de potinsjes fan de agrofoodsektor yn Fryslân ynset wurde om de útdagingen foar de takomst de holle te bieden mei behâld fan in goed fertsjinmodel foar de agrariërs?

 

Lêzingerige

Om it hjir boppe beskreaune tema hinne organisearret it Lânboukundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy in tal gearkomsten yn it Fries Landbouwmuseum: trije lêzingen wêrby't it tema benadere wurdt út de wittenskip wei, it bedriuwslibben en de polityk. Petra Berkhout byt it spits ôf. Op 2 desimber folget Lubbert van Dellen fan Flynth adviseurs en akkountants. Deputearre Friso Douwstra sprekt op in noch neier te bepalen datum yn jannewaris.

 

Sprekker

Ir. Petra Berkhout (1965) is agrarysk ekonoom en wurket sûnt febrewaris 2001 as senior ûndersiker by Wageningen Economic Research (WEcR, foarhinne it LEI ). Dêrfoar hat sy ûnder mear tsien jier by it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit wurke, benammen op it mêd fan it Europeeske merk- en priisbelied foar de lânbou. Yn 2000 makke se de oerstap nei ûndersyk. Yn de ûndersyksprojekten leit de klam op beliedsadvisearring fan de (ryks)oerheid oer de Nederlânske lân- en túnbou en op monitoaring en evaluaasje fan (Europeesk) lânboubelied.

 

Reservearje

De yntree foar stipers fan de Fryske Akademy, frijwilligers en Freonen fan it Lânboumuseum is fergees: oaren betelje 8 euro en dat is ynklusyf kofje. Reservearje (en betelje) kin fia de museumwebside.