Skip to main content

Lútsen Bakker wint Grut Frysk Diktee

Habtamu de Hoop mei de winner fan it Grut Frysk Diktee 2022: Lútsen Bakker. foto: Peter de Jong fotografie

Lútsen Bakker wint Grut Frysk Diktee 2022

It Grut Frysk Diktee 2022 is wûn troch Lútsen Bakker fan Grins. Hy hie mar in heale flater yn syn diktee en fertsjinne as priiswinner dêrmei it Gouden Dakje. Der dienen fan 't jier ek seis teams fan elk seis minsken mei: in team mei bekende Friezen, ien mei politisy, in ploech fan Friezen om utens, in groep Freonen fan Omrop Fryslân, in team fan studinten en ien fan  direkteuren, mei ûnder mear Nelleke IJssennagger-van der Pluijm fan 'e Fryske Akademy. Dy teams strieden tjininoar en it bêste team wie dat fan 'e studinten.

Sjuery
De sjuery bestie út Nienke Jet de Vries (Provinsje Fryslân), Eelke Goodijk (Cedin) en Akademymeiwurker Hindrik Sijens (foarsiter).

Weromsjen en -lêze
It diktee is werom te sjen by Omrop Fryslân en de tekst - skreaun troch politikus Habtamu de Hoop - is werom te lêzen op de website fan it Frysk Diktee.