Skip to main content

Mercator-dossier oer Sibearyske talen

De nijste publikaasje yn 'e rige Regional Dossiers fan it Mercator Research Centre presintearret trije talen fan 'e lânseigen befolking yn West-Sibearië. Dy talen – it Nenets, Khanty en Selkup – wurde praat yn it autonome distrikt Yamalo-Nenets, oan 'e eastlike kant fan de Oeral.

It Mercator-dossier is skreaun troch Roza Ivanovna Laptander, saakkundige fan it Nenets en ûndersiker oan it Arctic Centre fan 'e Universiteit fan Laplân en gastûndersiker oan it Arctic Centre fan 'e Ryksuniversiteit Grins. De publikaasje jout in oersjoch fan 'e skiednis en demografy fan 'e trije talen en beskriuwt yngeand de hjoeddeiske sitewaasje op it mêd fan ûnderwiis en wetjouwing.

Ferlykjend ûndersyk
De rige Regional Dossiers fan Mercator jout in feitlik oersjoch fan de status fan minderheidstalen yn it ûnderwiis yn ûnderskate Europeeske regio's. Om't de publikaasjes opboud binne neffens in fêste struktuer, binne se ek brûkber foar ferlykjend ûndersyk. It dossier oer it Nenets, Khanty en Selkup is it earste dat in taal bûten Europa ûnder de loep nimt.

Download (pdf-dokumint):

It ôfrûne jier binne fierder noch sân dossiers ferskynd:

Wa't graach in printe ferzje fan in dossier ha wol, kin dêrta in berjocht stjoere nei Rixt van Dongera (e-mail) of Richt Sterk (e-mail).