Skip to main content

Nij boek oer taalattitudes redigearre troch Dr. Ruth Kircher

Mercator / Fryske Akademy-ûndersiker Dr. Ruth Kircher en Dr. Lena Zipp fan de Universiteit fan Zürich hawwe it boek 'Research Methods in Language Attitudes' redigearre.

Dit boek biedt in oersjoch fan tradisjonele en avansearre ûndersyksmetoaden foar de stúdzje fan taalattitudes: it helpt ûndersikers in gaadlike metoade te kiezen en liedt harren troch ûndersyksplanning, ûntwerp, datasamling en analyze. Bonus: de fassinearjende case stúdzjes út meartalige maatskippijen oer de hiele wrâld.

It boek is no al te bestellen fia Cambridge University Press.