Skip to main content

Nij tahâld foar Trefwoord

It elektroanysk tydskrift foar leksikografy Trefwoord is sûnt koarten te finen op de website fan it Instituut voor de Nederlandse Taal (INT).

Trefwoord is yn 1992 yn it libben roppen troch it Matthias de Vries Genootschap, in genoatskip foar Nederlânske leksikografen. Nei't it tydskrift yn 1995 fan it genoatskip loskeppele en dêrnei stilset waard troch de útjouwer yn 1999, waard it omset yn in elektroanysk tydskrift dat tagonklik makke waard op de website fan de Fryske Akademy. Dêrnei ferskynde ek De Woordenaar (1999-2002), it lettere nijsbrief fan it Matthias de Vries Genootschap, op de website fan de Fryske Akademy.

Mei de fernijing fan de website fan de Fryske Akademy yn 2016 is Trefwoord tegearre mei De Woordenaar oerdroegen oan it Instituut voor de Nederlandse Taal. Op syn website fine jo alle ferskynde artikelen út Trefwoord. Letter sille ek de artikelen út De Woordenaar folgje.

De redaksje fan Trefwoord bestiet út Anne Dykstra, Tanneke Schoonheim, Nicoline van der Sijs en Rob Tempelaars.