Skip to main content

Nij yn de literêre Iduna Rige: 'De Winskhoed fan Fortunatus'

Foar it earst is de ferhalesyklus ‘De Winskhoed fan Fortunatus’ fan Waling Dijkstra (1821-1914) yn boekfoarm ferskynd. Abe de Vries, gastûndersiker by de Fryske Akademy, brocht de ferhalen yn in justjes modernisearre Fryske stavering byinoar en fersoarge ek de oersetting nei it Nederlânsk en in ynlieding op it wurk. It boek is de trettjinde útjefte yn de literêre Iduna Rige fan de Fryske Akademy (Akademy-nûmer 1140) en wurdt útjûn troch útjouwerij DeRyp. 

Abe de Vries presintearre syn boek yn Spannum op 2 juny 2023. Mar leafst fjouwer Waling Dykstra’s krigen út hannen fan Abe de Vries in earste eksimplaar fan 'De Winskhoed fan Fortunatus': trije tonielspilers dy't yn it iepenloftspul 'Wat bisto leaflik' Waling Dykstra spylje en ien 'echte' Waling Dykstra, in famyljelid fan de skriuwer Waling Dykstra. Op de website fan DeRyp kinne jo in wiidweidich ferslach fine. Ek is dêr de taspraak te lêzen dy't Abe de Vries by de boekpresintaasje hâlden hat. 

 

Oer de Iduna Rige

De Redaksje Literêre Rigen fersoarget útjeften yn ferskate Literêre Rigen fan de Fryske Akademy, bygelyks de Magnus Rige foar Midfryske teksten, de Holder Rige foar tweintichste-iuwske teksten, de rige Minsken en Boeken foar bio- en bibliografyske skriften en de Iduna Rige foar njoggentjinde-iuwske teksten. De Redaksje Literêre Rigen wurket nau gear mei it Letterkundich Netwurk (besteande út it eardere Literêr-Histoarysk Wurkferbân), dat him dwaande hâldt mei it bestudearjen fan de literatuer en literatuerskiednis fan Fryslân yn syn wiidste omfieming.

Dizze útjefte, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries, is it trettjinde boek yn de Iduna Rige. De lêste trije útjeftes yn dizze rige weine útjeftes wiene:

Mear titels yn de Literêre Rigen fine jo yn dit oersjoch.