Skip to main content

Nije edysje Us Wurk: tydskrift foar Fryske taal- en letterkunde

Yn de nije edysje fan Us Wurk - Vol. 72 No. 1-2 (2023), it wittenskiplik tydskrift oer Fryske taal- en letterkunde, fine jo bydragen fan û.o. ús kollega's Abe de Vries (Sytse Jan van der Molen as Frysk en Nederlânsk folkskundige) en Willem Visser (Oer it gearfallen fan ‘neame’ mei ‘nimme’), mar ek beskôgingen fan de publikaasjes 'Alastair Walker, Eric Hoekstra, Goffe Jensma, Wendy Vanselow, Willem Visser & Christoph' Winter (útjs.), From West to North Frisia. A Journey along the North Sea Coast. Frisian studies in honour of Jarich Hoekstra' (troch Sybren Dyk) en 'Liuwe H. Westra, Pionier foar it frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009)' (troch Geart de Vries) en noch folle mear.

 

Oer Us Wurk

It tydskrift Us Wurk (1952-) befettet wittenskiplike bydragen op it mêd fan de taalkunde en de letterkunde fan it Frysk (elke perioade en elk dialekt). De publikaasjetalen binne Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk en Frânsk. Bydragen yn it Frysk, it Nederlânsk en it Frânsk begjinne mei in koarte gearfetting yn it Ingelsk of it Dútsk.

Us Wurk biedt alle artikelen online fergees oan, en docht dit op basis fan it prinsipe dat it frij tagonklik meitsjen fan ûndersyk foar it publyk in gruttere wrâldwide útwikseling fan kennis stipet.

Auteurs dy't in artikel oanbiede wolle ter publikaasje kinne kontakt opnimme mei de redaksje.