Skip to main content

Skipsboek Hempenius online

De presintaasje yn Museum Hindeloopen, 17 maart 2019.

In side út it orizjinele Hylper skipsboek.

De Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy en Museum Hindeloopen presintearren op sneintemiddei 17 maart yn Museum Hindeloopen de digitale útjefte fan it ‘Skipsboek Hempenius’. Yn itselde gebou dêr't it museum no sit, hold stedsskriuwer Johannes Hempenius fan 1715 oant en mei 1717 in administraasje by fan de  skipspapieren dy't er útjoech.

It skipsboek is in prachtige boarne foar histoarysk ûndersyk, om't it ynformaasje jout oer wêr't de skippen hinne fearen en wêr't se wei kamen, oer de produkten dy't ferfearn waarden, en oer de skippers, de bemanning en de reders of eigners. Dat wiene sawol minsken fan binnen Fryslân (in soad út Hylpen sels) as út Hollân (benammen út Amsterdam). Troch frijwilligers fan de Wurkgroep is dit skipsboek folslein transkribearre en no foar elk tagonklik; it is te finen op de website fan de Fryske Akademy: www.fryske-akademy.nl/scheepsboek-hempenius.

Skip en bemanning
It skipsboek Hempenius befettet de meunsterrollen dêr‘t it skip en de bemanning fan de fluit-en smakskippen yn optekene waarden. Njonken de meunsterrollen wurde yn it skipsboek de rederssedels útjûn. Dy  jouwe unike ynformaasje oer de Frysk-Hollânske 'partenrederij'. Under de reders fan Hylper skippen wiene tige rike en nijsgjirrige figueren, lykas: Joachim Rendorp, Cornelis Calcoen, Andries Pieters van Stavoren, Willem Bredero en Pieter Six.

Gean nei: