Skip to main content

Snoadfoangebrûk en taalûntwikkeling: "Mem, doch dy telefoan fuort!"

"Op strjitte sjochst der al net mear fan op: âlden dy't mei de smartphone yn 'e hân efter de bernewein rinne. Mar as âlden tefolle ôflaat wurde troch de telefoan, fertraget dat de taalûntwikkeling fan harren bern." Dat skriuwt Evelyn Bosma, taalwittenskipper by de Fryske Akademy, yn in nij artikel yn HP/De Tijd (novimber 2022). En der binne mear neidielen. "Poppen reitsje fan streek troch útdrukkingsleaze gesichten." 

 

"Omtinken is in wichtige betingst om ta learen te kommen"

Yn it artikel hellet Bosma oare stúdzjes oan dy't oanslute by in ûndersyksfoarstel dêr't hja fjouwer jier lyn oan wurke. "In een studie met kinderen tussen de anderhalf en twee jaar oud toonden onderzoekers uit Nieuw-Zeeland onlangs aan dat hoe meer hoorbare notificaties ouders per uur op hun smartphone kregen, hoe minder goed ze op hun kinderen reageerden. Dit zorgde er vervolgens voor dat de woordenschatontwikkeling van de kinderen trager verliep." Ek oare stúdzjes litte sjen dat it gebrûk fan de snoadfoan fan ynfloed is op de taalûntwikkeling fan bern. Wat mear âlden op 'e telefoan sieten yn 'e deistige aktiviteiten mei har bern, wat minder de bern skoarden op wurdskat en grammatika.

 

Ynfloed op it Frysk

By Omrop Fryslân, yn it programma Underweis (fan 1 novimber, 16-18 oere), fertelde Bosma oer har artikel en oer mooglike konsekwinsjes foar it Frysk. Oft it telefoangebrûk it Frysk ek yn de wei sit, duort Bosma net mei wissichheid te sizzen, dat is noch net ûndersocht. "Ik haw earder wol ûndersyk dien nei it belang fan foarlêzen yn it Frysk en yn it Nederlânsk foar de taalûntwikkeling fan bern. Dêr seagen we dat foarlêzen foar de taalûntwikkeling fan it Frysk folle belangriker wie as foar it Nederlânsk. Dat komt nei alle gedachten trochdat bern foar de taalûntwikkeling yn it Frysk mear ôfhinklik binne fan harren âlden. [...] Ast yn dy line trochtinkst, is it miskien ek wol sa, dat telefoangebrûk fan âlden foar it Frysk in grutter probleem is as foar it Nederlânsk." 

 

HP/ de Tijd

It folsleine artikel fan Evelyn Bosma, 'Mama, doe die telefoon weg', is hjir te lêzen:

https://www.hpdetijd.nl/2022-10-30/mama-doe-die-telefoon-weg/?share_code=j0cyqbk4WaTV

 

Omrop Fryslân

It ynterview fan Eric Ennema mei Evelyn Bosma op Omrop Fryslân kinne jo hjir hearre (start: 00:49:55)

https://www.omropfryslan.nl/fy/radio/oflevering/underweis/1168888