Skip to main content

Soad omtinken foar Frysk op International Conference on Minority Languages

De 19e edysje fan it International Conference on Minority Languages (ICML) wurdt tusken 20 en 24 juny 2023 hâlden yn Wales. It is dan tritich jier lyn dat ICML dêr foar it lêst hâlden waard. Gasthear fan de edysje fan dit jier is de University of Wales Trinity Saint David. Neist in breed skala oan akademyske presintaasjes wol ICML yn 2023 de dielnimmers in oan plak bûne sosjolinguistyske ûnderfining fan it hjoeddeistige Wales biede en djipgeande kennis fan praktykrjochte casestúdzjes sjen litte, lykas mooglikheden foar netwurken en it lizzen fan kontakten.

Ek yn dizze edysje sil in soad omtinken jûn wurde oan de Fryske taal. Ferskate (âld-)kollega's fan it Mercator European Research Centre/ Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle en de Ryksuniversiteit Grins sille dêr de resultaten fan harren ûndersyk presintearje:

Ruth Kircher, Ethan Kutlu & Mirjam Vellinga:
Promoting Minority Language Use To Foster Revitalisation: Insights From New Speakers of West Frisian

Eabele Tjepkema: 
Stimulation of meaningful language use through communicative tasks in the Frisian trilingual classroom

Cor van der Meer et al, PANEL:
From minority language maintenance to revitalization - where is your minority language community on this continuum?

Suzanne Dekker, Laura Nap, Joana Duarte & Hanneke Loerts:
More than a few words? examining teachers’ translanguaging  interactions for socially just education

Mirjam Günther-Van Der Meij et al, Panel:
Skriuw! - Frisian Writing Skills In Secondary Education

Ada Bier, David Lasagabaster, Myrthe Coret-Bergstra & Joana Da Silveira Duarte:
A threefold comparison of the Basque, Friulian and Frisian educational contexts with a focus on language attitudes towards multilingualism

Joana Duarte et al, PANEL:
Implementation and Results of Multilingual Education in Frisian Primary Education

Jordi Jager, Martijje Lubbers & Mirjam Günther-van der Meij:
The digital turn in Low-Saxon applied educational research 

Jo kinne alle ynformaasje en it foarriedige programma fine op de webside fan it XIX International Conference on Minority Languages.

In 2019 fûn de 17e edysje fan it International Conference on Minority Languages plak yn Ljouwert, organisearre troch Mercator/ Fryske Akademy.