Skip to main content

Spraaklear foar it Frysk fan Sealterlân

Binnen de Fryske taalfamylje binne it Westerlauwersk Frysk en it Noard-Frysk goed beskreaun. It lytse oerbliuwsel fan it East-Frysk, it Frysk fan Sealterlân, yn Dútslân, komt lykwols al jierren oan ‘e krapperein.  

De Fryske Akademy boude it grammatikale fûnemint fan Kramer (1996) yn 2021 út ta in foarriedige  grammatika (Grammatik 2021, 29.000+ wurden). Yn 2022 hat it Sealter-team (besteande út de taalkundigen dr. Eric Hoekstra (Fryske Akademy), Bouke Slofstra en Henk Wolf (wittenskiplik meiwurker foar it Sealterfrysk by de Oldenburgische Landschaft)) oan dit boek fierder wurke. It resultaat is in sterk útwreide en ridlik folsleine grammatika (Sprachlehre 2022, 55.000+ wurden).  

Taalportaal 
It projekt is foar in part betelle troch it Niedersächsisches Ministerium für Wissenschaft und Kultur en de gemeente Sealterlân (Dútslân). Foar 2023 is it plan om in Ingelske oersetting fan de Sprachlehre te meitsjen en dy yn te fieren yn Taalportaal.org, dêr’t it Nederlânsk en it Westerlauwersk Frysk ek yn opnommen binne.