Skip to main content

Start nije rige Akademylêzings 2022-2023 yn Ljouwert en op 'e Jouwer

Akademylezingen 2022-2023

Hjoed sette wy útein mei in nije rige Akademylêzingen. Op trije mominten (18 novimber, 17 jannewaris 2023 en 10 maart 2023) prate hieltyd twa bysûndere gasten oer harren ûndersyk. Dat dogge sy op ien dei yn sawol Ljouwert (Grand Café Restaurant ‘De Koperen Tuin’) as op 'e Jouwer (Party-en Sealesintrum ‘It Haske’). De besikers krije tusken de lêzingen troch in lunch oanbean.

De lêzingerige wurdt organisearre troch de Werkgroep Akademylezingen.

Hjoed, op freed 18 novimber binne de gasten:

Prof. dr. mr. Hylkje de Jong, heechlearaar rjochtsskiednis: 'Romeins recht in Context’
Rob Bruntink, auteur, sjoernalist en ekspert palliative soarch: ‘hopen op het beste, voorbereiden op het slechtste'

Tiisdei 17 jannewaris ‘23 sprekke:

Prof. dr. Hans Mol, ûndersiker midsiuwske skiednis, Fryske Akademy: ‘HisGis yn de praktyk’
Dr. Liuwe Westra, ûndersiker Fryske Akademy: ‘Libben en striid fan Tony Feitsma, pionier foar it Frysk’

Freed 10 maart ’23 binne útnûge:
Prof. dr. André Aleman, heechlearaar ‘cognitieve neuropsychiatrie UMCG’: ‘Het seniorenbrein’
Prof. dr. Eline van der Beek: ‘De rol van voeding op groei en (metabole) ontwikkeling tijdens de eerste 1000 dagen en het risico op ziekten in het latere leven’

 Mear ynformaasje en it folsleine programma fine jo hjir