Skip to main content

Twa nije Regionale Dossiers: Sloveensk yn Eastenryk en Litousk yn Poalen

Leafst twa nije Regionale Dossiers binne publisearre troch ús Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. It giet om de tredde en folslein aktualisearre edysje fan it dossier 'The Slovene language in education in Austria' en de twadde en folslein aktualisearre edysje fan it dossier 'The Lithuanian language in education in Poland'.

Mei de Regionale Dossiers leit it Mercator Kennissintrum de fokus op it ûnderwiissysteem yn Europeeske regio's mei in autochtoane minderheidstaal en hoe't dizze minderheidstaal in plak krijt binnen dat systeem. De Regionale Dossiers binne skreaun neffens in fêst stramyn, sadat sy brûkt wurde kinne foar ferlykjend ûndersyk. Alle Regionale Dossiers, sawol de nije as de âldere edysjes, binne fergees te downloaden fan de webside fan Mercator (rubryk Regionale Dossiers).

 

De Sloveenske taal yn it ûnderwiis yn Eastenryk

Dit regionale dossier is yn 2023 aktualisearre troch Ursula Doleschal. Doleschal, PhD, is heechlearaar Slavyske taalkunde en haad fan it skriuwsintrum oan de Universiteit fan Klagenfurt (Eastenryk). Jo kinne de hichtepunten fan it dossier en de gearfetting yn trije talen (Ingelsk, Sloveensk en Dútsk) lêze op de spesjale webside dy ’t foar dit dossier makke is.

 

De Litouske taal yn it ûnderwiis yn Poalen

Dit regionale dossier is yn 2023 bywurke troch Jowita Niewulis-Grablunas, PhD en Piotr Grablunas, PhD (beide wurksum by it Institute of Applied Linguistics, Department of Unique Languages and Literatures oan de Adam Mickiewicz Universiteit yn Poznań, Poalen). Jo kinne de hichtepunten fan it dossier en de gearfetting yn trije talen (Ingelsk, Litousk en Poalsk) lêze op de spesjale webside dy’t foar dit dossier makke is.