Skip to main content

Undersyk nei Fryske feehannel

Noch net iens sa lang lyn wiene yn Fryslân ferspraat oer de hiele provinsje in soad wike- en jiermerken dêr’t fee op ferhannele waard. Troch de skaalfergrutting en sintralisearring wurde hjoed de dei allinne yn Ljouwert noch feemerken hâlden.

De feehannel en feemerken hiene foarhinne in wichtich plak yn it maatskiplik libben. De stifting (y.o.) Skiednis Fryske Feehannel en Feemerken hat it plan opfette om dy skiednis te ûndersykjen en fêst te lizzen. It doel is om in deeglik, foar in breed publyk nijsgjirrich, boek oer dit ûnderwerp te publisearjen.

It is de heechste tiid, dat dit boeiende ûnderwerp oppakt wurdt, seit de foarsitter fan ’e stifting, Siebren van der Zwaag: ‘No binne der noch in soad lju, dy’t de typyske sfear en hektyk fan ’e feemerken meimakke hawwe. It is saak om dit ûnderbeljochte part fan ’e Fryske skiednis fêst te lizzen, foardat it yn it ferjitten rekket.’

In earste ferkenning fan it ûnderwerp is al dien troch studinten fan ’e oplieding ta skiednisdosint fan ’e NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. Soks hat in fyftjin wurkstikken oplevere oer ûnderskate feemerken, fan Wolvegea oant Warkum en fan Harns oant Kollum. De folgjende stap is in oparbeidzjen mei histoarikus Marijn Molema fan ’e Fryske Akademy, de projektlieder fan it ûndersyksprogramma ‘Skiednis fan ’e Fryske Agri & Food, 1870-no’.

Oan ’e Fryske Akademy sil in noch oan te winnen frijwilliger yngeander ûndersyk dwaan, argiven besykje, fraachpetearen hâlde en byldmateriaal sammelje. De boppeneamde stifting soarget foar de finansjele rânebetingsten. Der wurdt ferwachte, dat ein 2018 genôch materiaal sammele is om mei it skriuwen fan it publyksboek út ein sette te kinnen. Reimer Strikwerda, earder redakteur fan it fakblêd Veeteelt en skriuwer fan ferskate boeken oer agraryske ûnderwerpen, nimt dy taak op him.