Skip to main content

VirtuLApp ûntfangt meardere prizen

VirtuLApp

Yn novimber hat VirtuLApp (Virtual Language App) yn Ljouwert de projektresultaten presintearre mei’t it projekt nei goed trije jier nei de ein rint. It projekt biedt ynformaasje, foarbylden út de praktyk en learmiddels oan dy’t learkrêften brûke kinne op de basisskoalle. Yn hiel Europa hawwe learkrêften nammentlik te krijen mei in grut taalferskaat yn de klasse. In protte learkrêften wolle graach mear dwaan mei al dy talen, mar witte net rjocht hoe’t sy minderheidstalen en migrantetalen belûke kinne. VirtulApp foarsjocht yn harren fraach nei mear kennis en middels dêrfoar.

Kennis, foarbylden en learmiddels

Yn it digitale hânboek stiet in soad ynformaasje oer meartalich lesjaan. Sa binne yn de rin fan it projekt fragen fan learkrêften sammele en yn filmkes beäntwurdzje ferskate eksperts dy ‘frequently asked questions’. Fierders toane learkrêften, âlden en skoalhaden yn de didaktyske fideo’s foarbylden út de praktyk fan skoallen mei in meartalige oanpak.

Der binne ek learmiddels beskikber makke om te brûken. Sa is der in leechdrompelige kwis foar learkrêften oer taalferskaat en meartaligens. Boppedat is de meartalige game BabelAR makke mei it doel om bern de wearde fan harren taal/talen sjen te litten en harren taalkennis te aktivearjen. De game is foar bern tusken de 7-12 jier âld en kin spile wurde yn fjirtjin talen, ek yn it Frysk en Nederlânsk. Bern gean op aventoer mei it meunsterke Babel, dy’t it ûnthâld kwyt is en allegearre talen trochinoar praat. Yn teams kinne de bern Babel helpe mei harren eigen taalkennis. In learkrêft hat sadwaande mei VirtuLApp de kennis en middels om meartaligens wolkom te hjitten yn de klasse.

Nominaasjes en prizen

It is moai dat in soad learkrêften en edukatyf personiel it projekt, de fideo’s, kwis en BabelAR fûn hawwe. Troch koroana binne meardere aktiviteiten online organisearre. Dat hat as foardiel hân dat der in grut publyk oer hiel Europa oanwêzich wie en dat de webinars werom te sjen binne. Boppedat is it prachtich dat VirtuLApp ─ en BabelAR ─ in pear kear nominearre is en sels yn de prizen fallen is. Sa wie it ûndersyk fan stazjêres Engelina Smeins en Kirsten Wildenburg nominearre foar de LC-Awards en wie BabelAR nominearre foar de Belgian Game Awards 2021. Foar de Henry van de Velde Awards 21 (Belgyske priis foar design) hat BabelAR in priis wûn yn de kategory fan digitale produkten. Der kin teffens oant 23 desimber stimd wurde foar de publykspriis. As lêste hat VirtuLapp de twadde priis wûn fan it Europees Talenlabel. Allegearre binne in poerbêste ûnderskieding fan it projekt!

Ta eintsjebeslút

Alle resultaten ─ it digitale hânboek mei de didaktyske fideo’s en faakstelde fragen, de kwis en de game BabelAR ─ binne fergees te ferkrijen op de projektwebside. Dy sil de kommende jierren online en beskikber bliuwe foar elkenien dy’t mear dwaan wol mei taalferskaat. Nijsgjirrich? Jo binne wolkom op https://virtulapp.eu/

Oan it projekt, dat stipe is troch it Europeeske Erasmus+ programma, wurkje fjouwer partners út België, Ierlân en it Baskelân en Mercator Europeesk Kennissintrum is koördinator.