Skip to main content

Wêr komt 'Tsiis' wei?

Stik oangeande feehâlderij út in wetstekst út de midsiuwen. Boarne: Herzog August Bibliothek Wolfenbüttel Xb 4827 f. 17r

Histoarysk taalkundige dr. Alex Kerkhof jout op sneon 7 oktober 2023 in lêzing yn it ramt fan it Weekend van de Wetenschap: 'Wêr komt 'Tsiis' wei?' Wat leart de oarsprong fan de Fryske lânbouwurden ús oer it fiere ferline? 

Buorkerijwurden binne faak tige âld. Mar wistest ek dat guon wurden al 7000 jier bestiene en somtiden fan fiere lannen nei Fryslân ta brocht binne? Yn dizze lêzing ferkenne we wat de oarsprong fan Fryske en Nederlânske lânbouwurden ús fertelt oer it buorkerijlibben yn it ferline.

Weekend van de Wetenschap
De lêzing fan Alex Kerkhof is ûnderdiel fan in grutter programma op sneon 7 oktober. Sa binne der ferskate aktiviteiten yn it Beursgebou, dBieb en Grendel Games. Sjoch foar in oersjoch fan de aktiviteiten hjir of laad it blokkeskema del. Njonken dizze dei yn Ljouwert, wurde der yn it wykein  fan 7 en 8 oktober hûnderten aktiviteiten troch hiel Nederlân hinne organisearre by bedriuwen, universiteiten, bibleteken ensfh. Elkenien, fan jong oant âld(er) kin sa op tagonklike wize yn 'e kunde komme mei de wrâld fan wittenskip en technology. 


Yn it koart - lêzing dr. Alex Kerkhof 'Waar komt 'Tsiis' vandaan'?

  • Wêr: Beursgebou Campus Fryslân, Wurdumerdyk 34, 8911 CE Ljouwert
  • Wannear: sneon 7 oktober 2023, fan 11.00-11.45 oere
  • Tagong: fergees
  • Taal: Nederlânsk


Mear ynformaasje: