Skip to main content

Wittenskiplike biografy oer Tony Feitsma skreaun troch Liuwe H. Westra

Woansdei 14 septimber is de presintaasje fan ’e wittenskiplike biografy 'Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009)', skreaun troch dr. Liuwe H. Westra, dy’t dêrta yn 2019 de opdracht krige fan it Feitsma Fûns - Fûûns fwar it Frysk. Hy hat 2,5 jier oan ’e biografy wurke.

It earste eksimplaar sil oanbean wurde yn it ramt fan ’e Conference of Frisian Humanities oan de Kommissaris fan ’e Kening de hear Arno Brok. 

 

Oer de biografy

Tony Feitsma kaam út in Fryske famylje, mar waard grut yn ’e Wieringermar. Hja gie yn Alkmaar nei it gymnasium, studearre Frysk, Deensk en Frânsk yn Amsterdam en waard wittenskiplik assistinte, learares Frânsk, wittenskiplik haadmeiwurker en op it lêst heechlearaar Frysk. Dêrnjonken hat Tony Feitsma har hiele aktive libben yn it spier west foar de Fryske beweging.

Westra beskriuwt har libben yn dy kontekst en evaluearret har bydrage oan wittenskip en beweging. Hy jout ek antwurd op ’e fraach hoe’t Tony Feitsma sa Frysksinnich waard, en jout ynsjoch yn har bysûndere karakter.

It boek 'Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009)' fan Liuwe H. Westra wurdt útjûn troch útjouwer Afûk yn Ljouwert. 

Tal siden: 720
Ferkeappriis: € 49,50
ISBN 978 94 93159 93 8