Skip to main content

Wittenskipspriis foar Evelyn Bosma

Evelyn Bosma MA hat de earste Wetenschapsprijs Campus Fryslân wûn. De Wetenschapsprijs Campus Fryslân is in oanmoedigingspriis foar jonge en aktive wittenskippers dy’t har ûnderskiede mei fernijend, maatskiplik relevant en spraakmeitsjend ûndersyk en wurdt betelle troch de gemeente Ljouwert. Evelyn Bosma sil ynkoarten promovearje op har ûndersyk Cognitive effects and the character of Frisian-Dutch bilingualism among Frisian children.  

Se hat foar har ûndersyk trije jierren efterinoar talige en kognitive testen dien by learlingen fan 5 oant 8 jier. Dizze grutskalige benadering  makke it mooglik nije ferbannen tusken de beynfloeding fan wjerskanten fan talige en kognitive ûntwikkleing sichtber te meitsjen.

Evelyn Bosma wie foar dit ûndersyk ferbûn oan de Fryske Akademy, se promovearret oan de Universiteit fan Amsterdam (UvA). It ûndersyk is mei finansierd troch de provinsje Fryslân.

Wetenschapsprijs Campus Fryslân

De priis is ynsteld om de kwaliteit fan it wittenskiplik ûndersyk yn de regio fuort te sterkjen en sil op 11 maaie 2017 feestlik útrikt wurde yn Grou, tegearre mei de Joast Halbertsmapriis dy't takend is oan histoarikus Hotso Spanninga. De sjuery sil yn dy útrikking motivearjee, wêrom’t Evelyn Bosma dizze priis wûn hat. Dêrneist kriget Bosma sels de gelegenheid om oer har wittenskiplik ûndersyk te fertellen.

De Wetenschapsprijs Campus Fryslân foar jonge wittenskippers sil foarearst twajierliks útrikt wurde. Yn totaal wiene seis jonge wittenskippers nominearre. Te witten: dr. Mans Schepers (Ryksuniversiteit Grins), dr. Slawomir Porada (Wetsus), dr. Alona Labun (Ryksuniversiteit Grins), dr. Marieke Zeinstra (NHL Hegeskoalle), dr. Rosemarie Kentie (Rijksuniversiteit Grins) en Evelyn Bosma MA (Fryske Akademy).

Sjuery

De sjuery fan de Wetenschapsprijs Campus Fryslân hat trije leden: prof. Dr. Hanny Elzinga (Decaan Honours College Ryksuniversiteit Grins, út namme fan RUG/Campus Fryslân, foarsitter), dr. Marijn Molema (Fryske Akademy, út namme fan de provinsje Fryslân), Milan van der Meulen BSc (ûndernimmer by Enie.nl, út namme fan de gemeente Ljouwert). Deselde sjuery hat de winner fan de Joast Halbertsmapriis selektearre.

De Wetenschapsprijs Campus Fryslân foar jonge wittenskippers rjochtet him op de folle breedte fan it wittenskipsbeoefenjen troch de kennisynstellings. Doel: It stimulearjen fan jong wittenskiplik ûndersykstalint en it ferheegjen fan de kwaliteit fan it ûndersyk dat te krijen hat mei Fryslân, mar (ynter)nasjonale útwurking hat: global challenges, local solutions.

De priis is yn totaal 10.000 euro.

Sjoch ek: