Skip to main content

Wykein fan 'e Wittenskip yn Ljouwert: kolleezjes foar de hiele famylje

Op sneon 1 en snein 2 oktober fynt yn hiel Nederlân it Wykein fan 'e Wittenskip plak. It Wykein fan 'e Wittenskip biedt elkenien, fan jong oant âld, op in tagonklike wize ynsjoch yn 'e wrâld fan wittenskip en technology. Besikers krije in unyk blik efter de skermen by organisaasjes en meie op plakken komme dy't gewoanwei net sichtber binne foar publyk. Se moetsje echte wittenskippers. Sjen restaurators oan it wurk yn in museum. En dogge proeven yn laboratoaria.

 

Famyljekolleezje Fryske Akademy

De Fryske Akademy is dit jier ien fan de wittenskipspartners yn Fryslân. Dr. Simon Halink, ûndersiker moderne kultuerskiednis by de Fryske Akademy, fersoarget op 1 oktober in wier famyljekolleezje mei as titel: "Fan wa is it ferline?' Dit kolleezje fynt plak yn it Beursgebou fan de RuG/ Campus Fryslân yn it sintrum fan Ljouwert. Neist it kolleezje fan Halink binne der de hiele dei (10.30 -15.00 oere) lêzingen en workshops te folgjen foar de hiele famylje: oer spraaktechnology, keunstmjittige yntelliginsje, etyk en ûnienichheid, aerodynamika, polymearen, kleuren en mear. De dei begjint mei in famyljekolleezje troch Klaas van Kruistum, dy'tst kenne kinne soest as presintator fan it berneprogramma ZappLive of Klaas Kan Alles. Klaas sil yn 'e seal eksperiminten útfiere... komt dat wol goed? 

 

1 oktober 13:45 uur
Simon Halink (Fryske Akademy) - 'Fan wa is it ferline?​​'​

Fan wa is it ferline? Wêrom is it sa wichtich om hiel kritysk nei it ferline te sjen? En noch wichtiger: hoe heuge wy it ferline en hoe jout elke generaasje dêr in eigen draai oan? Hokker rol spilet ús kollektyf ûnthâld yn it byld dat wy fan ússels hawwe? En hoe wurdt ús byld fan it ferline bepaald troch ús eigentiidske foaroardielen? Yn dit kolleezje fan Dr. Simon Halink fan de Fryske Akademy besjogge wy de ferskate wizen wêrop't it ferline brûkt en misbrûkt wurde kin yn iepenbiere debatten yn binnen- en bûtenlân. Tegearre jouwe wy antwurd op de fraach: hokker rol spilet de wittenskipper yn dit alles?!

 

Voor iedereen vanaf 8 jaar

Het Weekend van de Wetenschap is geschikt voor (bijna) alle leeftijden. Misschien iets minder geschikt voor de allerkleinsten, maar vanaf ongeveer 8 jaar kun je volop zelf ontdekken wat de wonderbaarlijke wereld van wetenschap en techniek allemaal te bieden heeft.

 

Alle ynformaasje en programma:

Weekend van de Wetenschap by de RuG/ Campus Fryslânhttps://www.rug.nl/cf/events/upcoming-events/weekend-van-de-wetenschap 

Weekend van de Wetenschap Nederlân: https://www.weekendvandewetenschap.nl/