Skip to main content

Ynterview Alex Kerkhof: 'It Aldfrysk hat elkenien noch hieltyd wat te fertellen'

Dizze simmer sil it Friesch Dagblad yn petear mei jonge wittenskippers yn Fryslân dy 't mei harren ûndersyk in bydrage leverje wolle oan in bettere wrâld. Us kollega Alex Kerkhof, histoarysk taalkundige by de Fryske Akademy, waard ek útnûge foar in ynterview. It resultaat is in twa-siden grut artikel yn de sneonskrante fan 30 july 2022.

Yn it ynterview fertelt Kerkhof oer wat yn syn eagen ien fan de wichtichste foarfallen is yn de skiednis fan ús taalgebiet: de taalwiksel fan Aldfrysk nei Aldnederlânsk. It Aldfrysk waard yn de iere en folle midsiuwen yn in grut part fan Nederlân sprutsen, oan Flaanderen ta. "It ynsjoch dat it Aldnederlânsk yn Hollân de taal fan de nijkommers wie, meinommen waard en dêr stadichoan it Aldfrysk ferfong, is ek weardefol om in oar perspektyf te krijen op de hjoeddeistige situaasje fan meartaligens en yntegraasje yn Hollânske stêden."

Yn it artikel fertelt hy ek oer hoe't hy de meartalige skiednis fan Nederlân graach nei in sa breed mooglik publyk bringe wol. "It is myn oertsjûging datst elk ûndersyk yn prinsipe werombringe kinst ta in kearn dy't ek oer te bringen is oan in breed publyk."

Lês it folsleine artikel op https://frieschdagblad.nl/regio/Het-Oudfries-heeft-iedereen-nog-steeds-steeds-iets-te-vertellen-27817385.html (nei de betelmuorre ).