Dr. Cesko Voeten fan de Fryske Akademy hat in prestizjeuze Rubicon-subsydzje krigen fan de Nederlânske Organisaasje foar Wittenskiplik Undersyk (NWO ). Mei Rubicon jout NWO nijpromovearre Nederlânske wittenskippers de kâns om ûndersyksûnderfining op te dwaan yn it bûtenlân. Voeten giet troch dizze subsydzje twa jier nei de University of Pennsylvania yn de Feriene Steaten, om yn gearwurking mei taalkundigen en biologen ûndersyk te dwaan nei de oarsaken fan taalferoaring.
Mear lêze