Spring naar hoofd-inhoud

Conference on Frisian Humanities

Fearkrêft yn ’e Fryske Geasteswittenskip

De Fryske taal en skiednis litte grutte fearkrêft sjen yn allerhande domeinen. Bygelyks yn de midsiuwen koene Friezen harren eigen foarm fan bestjoer en rjocht behâlde. De ferneamde ‘Fryske frijheid’ is in moai foarbyld fan fearkrêft. In oar foarbyld wurdt fûn yn de 19e iuw doe’t de Fryske Beweging opkaam as part en resultaat fan de Europeeske Romantyk. De Fryske Beweging wie in wichtige faktor by it ûntstean fan de Fryske literatuer en de yngeande stúdzje fan de Fryske taal, folkloare en skiednis.

De fearkrêft fan de Fryske taal en kultuer stiet tsjintwurdich yn it middelpunt fan de belangstelling. Hokfoar útdagings rinne minderheidstalen lykas it Frysk tsjinoan en hoe kin oan dy útdagings foldien wurde? Hjoeddeistige ûntjouwings befiemje in breed palet oan mêden lykas ûnderwiis (Taalplan 2030) en taaltechnology (spraakwerkenning en -syntese). Minderheidstalen binne yntegrearre yn ûnderwiis fia meartaligens en translanguaging op alle nivo’s yn it ûnderwiis.

It 2e Frysk Geasteswittenskiplik Kongres (2nd Conference on Frisian Humanities) hat as doel om alle ûndersikers en studinten binnen it multidisiplinêre fjild fan Fryske geasteswittenskippen (West-Frysk, Saterfrysk en Noard-Frysk) en/as minderheidstalen byinoar te bringen.

De organisaasje fan dit evenemint leit by de Fryske Akademy, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens, it NHL Stenden Lektoraat Meartaligens & Geletterdheid, de RuG Learstoel Fryske Taal en Letterkunde en de ôfdieling Language, Technology and Culture fan RuG/Campus Fryslân.

Lês mear oer it kongres