Spring naar hoofd-inhoud

Sympoasium Willem Loadewyk

Steedhâlder en strateech (1560-1620-2020)

Dit jier is it 400 jier lyn dat steedhâlder Willem Loadewyk te Ljouwert ferstoar. Troch syn steedhâlderskippen is syn namme ferbûn oan de skiednis fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Wilens de Opstân tsjin it Spaansk-Habsburchske gesach ferankere er it noardeasten fan de Nederlannen yn de Republyk. Hy hie boppedat ynfloed yn de tsjerke en it ûnderwiis. Syn polityk late lykwols ek ta yntern ferset. It is dêrom tiid om op ’e nij syn betsjutting te hifkjen. Dit sympoasium is ien fan de aktiviteiten yn dit Willem Loadewyk jier dêr’t soks yn bart.


Datum: freed 4 desimber 2020
Plak: Oranjeseal Stedhûs Ljouwert (Hofplein 38, 8911 HJ Ljouwert)
Tiid: 10.00 - 17.30 oere
Priis: € 17,50 / leden en stipers fan de FA: € 15,00 /studinten: € 12,50 (mei kofje, tee, middeisiten en resepsje)
Tagong: nei opjefte en betelling, formulier folget sa gau as mooglik


Programma

Deifoarsitters en organisaasje: Hanno Brand en Joop Koopmans
Fiertaal: Nederlânsk
09.30 Ynrinnen mei kofje/tee
10.00 Iepenjen en wolkom troch Hanno Brand
10.10 Hotso Spanninga – Willem Lodewijk, ‘ús heit’, als hoeder van de Friese eenheid
Hidde Feenstra – Stadhouder Willem Lodewijk: grondlegger van Noord-Nederland?
11.10 Kofjeskoft
11.30 Anton van der Lem – Willem Lodewijk en de Republiek
Joop Koopmans – In de bijrol? De eigentijdse weergave van stadhouder Willem Lodewijk in prenten
12.30 Middeisiten
13.30 Yme Kuiper – Oorlogshelden: eer, roem en geloof. Willem Lodewijk versus katholieke adellijke officieren en stadhouders, 1580-1600
Hans Cools – Spinola ante portas: Willem Lodewijk en de Habsburgse successen in 1605-1606
14.30 Teeskoft
14.50 Lidewij Nissen – ‘De bron van alle goeds.’ Willem Lodewijk als vaderfiguur in de zeventiende-eeuwse Nassaudynastie
Hanno Brand – Met Willem Lodewijk in de krant. Beeldvorming en herinneringscultuur rond een Friese stadhouder (circa 1860-1948)
15.50 Brêge fan it ferline nei hjoeddedei troch Joop Koopmans
16.00 Paneldiskusje mei Goffe Jensma, Anton van der Lem en Josse Pietersma: Hoe tinke wy no oer Willem Loadewyk?
16.45 Ofsluting mei in drankje en in hapke