Spring naar hoofd-inhoud

Religieuze kultuer yn iermodern Fryslân (1450-1700)

Kultuer yn iermodern Fryslân

Religyskiednis heart fan âlds ta de spearpunten fan it histoarysk ûndersyk by de Fryske Akademy. Dêrby gie oant no it measte omtinken út nei it plak fan dopersken en grifformearden yn it nije religieuze lânskip dat nei de Reformaasje ûntstie. Katoliken stiene minder yn ’e belangstelling. Dêr wol dit projekt feroaring yn bringe. Hoewol’t lang net al syn aksjes suksesfol wiene, is it fuortbestean fan in katolike tradysje yn Fryslân foar in part op it konto te skriuwen fan ’e ynfloedrike Habsburchske bestjoerder Viglius fan Aytta (1507-1577). Letter setten meastentiids út it suden wei ôfkomstige reguliere geastliken yn ferskillende Fryske stêden missystaasjes op.

 

Undersykstema
Kultuer yn iermodern Fryslân

Projektlieder
prof.dr. Hans Cools

Meiwurkers
 

 

 

Rintiid
01/01-2016-

Finansiere troch
Fryske Akademy; legaat Jelgersma

Gearwurkingsferbân mei 
KU Leuven & Tresoar

 

 

Gearfetting

Nei de útdagingen dêr’t de Reformaasje har foar pleatste yn it begjin benammen mei represje beäntwurde te hawwen, ûntploaiden wrâldske en tsjerklike autoriteiten yn ’e Habsburchske Nederlannen sûnt de jierren 1540 tal fan kontrareformatoaryske inisjativen. Yn Fryslân fertsjintwurdige Viglius fan Aytta dy offinsive strategy. De measte fan syn plannen hiene mar in beheind sukses. Sa kaam de oprjochting fan in bisdom Ljouwert net echt fan ’e grûn. Dochs hawwe Viglius syn aksjes beskiedend west foar it oerlibjen fan it katolisisme yn it gewest. Sa stichte er yn ’e universiteitsstêd Leuven it ‘College van de Tarweschoof’. Oant de ein fan it Ancien Régime fungearre dat kolleezje as in briedplak foar leden fan ’e Fryske katolike elite. Underdiel fan dit projekt is dan ek it skriuwen fan in skiednis fan it ‘College van de Tarweschoof’.

Yn in twadde lûk stiet de figuer fan Viglius fan Aytta sintraal. Yn 2018, wannear’t Ljouwert Europeeske Kulturele Haadstêd is, sil hy yn gearwurking mei Tresoar foar it fuotljocht helle wurde mei in ynternasjonaal kongres, in útstalling en sa mooglik ek in nije biografy. Dêrby wurdt yn it bysûnder omtinken jûn oan syn betsjutting as humanistysk learde, as beliedsmakker en as begeunstiger.

 

In tredde oandachtsfjild is dat fan ’e staasjes dy’t reguliere geastliken yn ferskillende Fryske stêden opsetten. Goed dokumintearre binne yn it bysûnder de aksjes fan ’e Ljouwerter jezuïten. Sy krigen om 1595 hinne foar it earst foet oan ’e grûn yn Fryslân. It stabilisearjen fan it front en dêrnei it Tolvejierrich Bestân makken it mooglik dat se har aktiviteiten yn it gewest ûntploaiden. Yn ûnderlinge kompetysje mei wrâldhearen, fransiskanen en dominikanen, betsjinnen sy de stêd, de omlizzende gritenijen en de lytse katolike mienskip op It Amelân. De measte fan ’e yn Fryslân wurksume jezuïten wiene ôfkomstich út ’e Súdlike Nederlannen. Sy lutsen har net folle oan fan ’e rjochtlinen fan ’e apostoalysk fikarissen, mar moasten har fansels wol oanpasse oan ’e pleatslike omstannichheden.

Dit dielprojekt wol de misjonêre strategy fan ’e jezuïten op mikronivo analysearje. It lient him dan ek hiel goed foar ynternasjonale ferlikingen en foar in better begryp fan ’e faktoaren dy’t har kânsen beskaten. Boppedat bringt it de religieuze kultuer yn iermodern Fryslân en by útwreiding de Republyk fierder yn kaart.

 

 

Publikaasjes

H. Cools, ‘Een vreemde eend in de Hollandse bijt. De gesneefde loopbaan van co-adjutor Zacharias de Metz (ca. 1600-1661)’, in M. van Groesen, J. Pollmann en H. Cools eds., Het gelijk van de Gouden Eeuw. Recht en onrecht in de Republiek (1550-1750). Essays voor Henk van Nierop, Hilversum (Verloren), 2014, 47-55.

H. Cools, ‘Bishops in the Netherlands on the Eve of the Catholic Renewal, 1515-59’, in J.M. DeSilva ed., Episcopal Reform and Politics in Early Modern Europe (Early Modern Studies 10), Kirksville MO (Truman State University Press), 2012, 46-62.

 

 

Eardere publikaasjes fan 'e Fryske Akademy

W. Bergsma, Tussen Gideonsbende en publieke kerk. Een studie over het gereformeerd protestantisme in Friesland, 1580-1650, Hilversum (Verloren), 1999, 653 pp.

J. Spaans, Armenzorg in Friesland, 1500-1800. Publieke zorg en particuliere liefdadgheid in zes Friese steden: Leeuwarden, Bolsward, Franeker, Sneek, Dokkum en Harlingen, Hilversum (Verloren), 1997, 400 pp. 

C. Trompetter, Eén grote familie. Doopsgezinde elites in de Friese Zuidwesthoek, 1600-1850, Hilversum (Verloren), 2007, 334 pp. 

Lêzingen

H. Cools, ‘Dialogue Pamphlets in the Habsburg Low Countries. A case study on the Antwerp jesuit Cornelius Hazart (1617-1690)’, lezing gehouden op 25 april 2015 in Brussel tijdens het congres Constructing the self. Linguistic and historical perspectives on identity and authenticity in egodocuments and other writings from below.