Skip to main content Skip to page footer

Akademydei

It nije akademyske jier begjint foar de Fryske Akademy mei de fiering fan de dies natalis, de dei fan de oprjochting fan it ynstitút. Alle jierren nûget de Fryske Akademy - op de freed fan, foar of nei de 10e septimber - de leden, stipers en relaasjes út om mei-inoar werom te sjen op it ôfrûne jier, mar foaral om mei-inoar foarút te sjen nei moaie gearwurkingen, projekten en wittenskiplike útdagings. Op de Akademydei wurde tradisjoneel de nije leden fan de Fryske Akademy beneamd. 

Mei de stipe fan de Kommissaris fan ’e Keningin Harinxma thoe Slooten fûn op 10 septimber 1938 de offisjele iepeningsgearkomste fan ’e Fryske Akademy plak. It earste bestjoer waard foarme troch de hearen P. Sipma (foarsitter), J.H. Brouwer (skriuwer), prof.dr. J.F. Koksma (skathâlder), prof.dr. G. Gosses, prof.dr. J.M.N. Kapteyn, prof.dr. G.S. Overdiep en dr. G.A. Wumkes. Earefoarsitter wiene doe mr. P.A.V. Baron van Harinxma thoe Slooten, eareleden wiene N. Ottema, prof.dr. Sir William Craigie (Universiteit fan Oxford) en prof.dr. Theodor Siebs (Universiteit fan Breslau). De Fryske Akademy fûn ûnderdak yn it Coulonhûs yn Ljouwert, dat boud wie yn 1713. In ‘buitengewoon gaaf monumentje", aldus notaris Nanne Ottema. Om it wittenskiplik karakter klam te jaan, waard, op útstel fan pater Titus Brandsma, keazen om it segel fan de Frjentsjerter Bibleteek as logo te brûken.
 

Akademydei 2025

De Akademydei 2025 sil plakfine op freed 12 septimber 2025.


Akademydei 2024

Tusken de iuwenâlde beammen en gebouwen, yn de histoaryske binnentún fan it Coulonhûs yn Ljouwert, hat de Fryske Akademy op freed 13 septimber 2024 it 85ste jubileumjier feestlik ôfsletten. Mei gasten as Kommissaris fan de Kening Arno Brok, boargemaster fan Ljouwert Sybrand Buma en dichter fan Fryslân Arjen Hut, mei de beneaming fan de leden Eppie Dam en Ammerins Moss-de Boer, mei de útrikking fan de skripsjepriis oan Sannah Debreczeni (en in earfolle fermelding foar Herman van Vliet), mei in lêzing fan Henk Wolf, en mei muzyk fan Hot & Toasty, kinne we weromsjen op in goed slagge dei.

De foto's binne makke troch Marieke Balk.