Skip to main content Skip to page footer

Meer, drs. P.L.G. (Peter) van der

Spesjalismen

Skiednis fan Fryslân (algemien), HisGIS, lânbouskiednis, ûnderwiisskiednis.

 

Biografy

Peter van der Meer (Pijnacker, 1958) studearre skiednis oan ‘e Universiteit Leien en is sûnt 1990 ferbûn oan de Fryske Akademy as ûndersyksmeiwurker en ynformaasjespesjalist.

Ien fan syn taken is it fersoargjen fan boarnepublikaasjes en tekstedysjes, lykas Opkomst en ûndergong fan in boerebedriuw ûnder Achlum (2001), Skoalmasters yn Fryslân, 1600-1950 (website Fryske Akademy, 2008) en De Beneficiaalboeken van Friesland, 1543 (mei Hans Mol, 2013).

Dêrneist is Van der Meer as ynformaasjespesjalist de kontaktpersoan foar it registraasjesysteem fan wittenskiplike publikaasjes Pure.