Skip to main content

Schukking, A.F. (Anna Fardau) MA

projektmeiwurker

Spesjalismen

Europeeske stúdzjes; kommunikaasje en edukaasje; meartaligens

 

Projekten

Critical Skills for Life and Work (projektmeiwurker) 
Gemeentlike weryndieling Frysk (projektmeiwurker)
LangUp (projektmeiwurker)
Regional Dossiers (redakteur)

 

Biografy

Anna Fardau Schukking (Ljouwert, 1993) begûn yn 2011 as studinte Europeeske stúdzjes oan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. Nei de bacheloroplieding European Studies woe se har graach ferbreedzje en ferdjipje yn de rjochting fan meartaligens, taalbelied en de rol fan taal yn maatskippij en ûnderwiis. Ynearsten hat se dat dien mei de pre-master Kommunikaasje en Edukaasje oan de Ryksuniversiteit Grins.

Dêrnei studearre se Multilingualism oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn dizze master hat se fiif moannen staazje rûn by de provinsje Fryslân en in ûndersyk dien nei de bekendheid mei en it ferlet fan digitale taalhelpmiddels foar it Frysk ûnder Frysktaligen en net-Frysktaligen.

Sûnt hjerst 2017 is se wurksum foar it kennissintrum Mercator fan de Fryske Akademy.