Skip to main content

Telefoan
058-234 30 42

Mail
boosterhaven@fryske-akademy.nl

Oosterhaven, B. (Beart)

redakteur, musikograaf en taalkundich meiwurker

Telefoan
058-234 30 42

Mail
boosterhaven@fryske-akademy.nl

Spesjalismen

wittenskiplik redaksjewurk; muzykskiednis; Fryske taal en skiednis

 

Projekten

Tydskrift It Beaken (redaksjesekretaris)
Rige Musica Frisica (redakteur)

 

Biografy

Beart Oosterhaven (Hitsum 1956) is sûnt 1981 yn tsjinst by de Fryske Akademy. Op sa’n wize hat er meiwurke oan ’e hânwurdboeken Frysk-Nederlânsk (1984), Nederlânsk-Frysk (1985) en oan dielen fan it grutte wittenskiplik Wurdboek fan de Fryske Taal (it lêste diel ferskynde yn 2011). As spin-off ferskynde fan syn hân de Nije list fan frjemde wurden (1993). Yn 2014 hat er stipe jûn by it tastânbringen fan Taalweb Frysk.

Sûnt 1997 is er (ein)redakteur fan It Beaken, it wittenskiplik tydskrift fan ’e Fryske Akademy. Fan 1993 oant ’e mei 2008 hat er lid en sekretaris west fan ’e Musikologyske Wurkgroep. Yn dy perioade hat de wurkgroep in grut ferskaat fan publikaasjes fersoarge, lykas it standertwurk Muzyk yn Fryslân. Aspekten fan it Fryske muzyklibben juster en hjoed (1996). Yn 2000 waard út ein set mei de rige Musica Frisica, dêr’t wurk fan Fryske komponisten yn útjûn wurdt.

Beart Oosterhaven is ek auteur fan it boek De fûgel yn dy. 35 jier Fryske folk- en poplietteksten 1969-2004 (2005).

 

Publikaasjes (seleksje)

Oosterhaven, B. (2013). Van Bernlef en 'Skotse trije' tot Gerbrich van Dekken. Over de plaats en de positie van het Friestalige lied in de muziekcultuur van Fryslân. In G. De Vogelaer, A. Bartelds, & H. Bloemhoff (Eds.) Muziek in streektaal. Lezingen van de zesde internationale streektaalconferentie op 23 september 2011 in Heerde (Oost-Veluwe). Groningen: Kleine Uil, 69-78.

Oosterhaven, B. (2005). De fûgel yn dy. 35 jier Fryske folk- en poplietteksten 1969-2004. Frjentsjer: Venus.

Oosterhaven, B (1993). Nije list fan frjemde wurden. Ljouwert: Fryske Akademy. Twadde, fernijde printinge: 2000.

Algra, Hans P., Kingmans, Hugo, Lambooij, Th., Oosterhaven, B. & Smilde, Bernard (1996). Muzyk yn Fryslân : aspekten fan it Fryske muzyklibben juster en hjoed. Ljouwert: Fryske Akademy.

 

Yn 'e media

Hedwig Terpstra, 'Der is sawol kontinuïteit as in protte fernijing yn de Fryske popmuzyk' (fraachpetear mei Beart Oosterhaven), Ensafh, 3 jannewaris 2015.