Skip to main content

Bos, J. (Jonathan) MA

promovendus

Spesjalismen

midsiuwske skiednis, histoarysk GIS, rurale skiednis, digital humanities

 

Biografy 

Jonathan Bos (Capelle aan den IJssel, 1991) studearre skiednis oan de Universiteit Leiden. Nei in perioade fan belangstelling foar de midsiuwske skiednis hat er him op 'e ein fan syn stúdzje spesjalisearre yn de kombinaasje fan skiednis en geografyske ynformaasjesystemen (GIS). Hy sleat syn master yn 2017 ôf mei in skripsje oer de rekonstruksje fan it besit fan haadlingen en eigenierden yn 'e Fryske midsiuwske maatskippij, mei gebrûk fan in grûnbelestingregister, GIS en ûnderskate boarnen.

De fierdere útwurking fan dy metoade is part fan syn promoasjeûndersyk by de Fryske Akademy en de Universiteit Leiden nei de adel, boeren en de midsiuwske boerepleats yn 'e Fryske klaaigebieten tusken 1350 en 1600. Hy ûndersiket de struktuer en gearwurking fan ferskillende groepen yn dizze groepen yn dizze maatskippij en de rol fan 'e boerepleats yn dat gehiel.