Skip to main content

Van de Velde, dr. H. (Hans)

senior ûndersiker en lid managementteam

 

Spesjalismen

sosjolinguistyk; taalfariaasje en taalferoaring; meartaligens; fonetyk; taalbelied

 

Projekten

 

Biografy

Hans Van de Velde (Zele 1969) krige geandewei syn stúdzje yn Gent niget oan dialektology en sosjolinguistyk. Hy liet him fierder opliede yn it ûndersyk nei taalfariaasje en taalferoaring yn Nijmegen, dêr’t er yn 1996 promovearre op in proefskrift oer útspraakferoarings yn it Nederlânsk. Yn 1997 kearde er werom nei België om te wurkjen as lektor Nederlânsk op de Université Libre de Bruxelles. Dêr hat er syn ûndersyksmêd útwreide mei taalhifking en taalwinning. Yn 2002 waard er dosint-ûndersiker Sosjolinguistyk yn Utert, dêr’t er in wichtige rol spile yn de útbou fan de gearwurking mei Sina en koördinator wie fan in masterprogramma.

Yn novimber 2014 teach er fierder nei it noarden om seniorûndersiker Sosjolinguistyk oan de Fryske Akademy te wurden. As lid fan it managementteam is er dwaande mei it úttekenjen fan in nije ûndersyksaginda, de útbou fan de ûndersyksfasiliteiten, it ynwinnen fan ûndersyksprojekten en de nasjonale en ynternasjonale gearwurking. Syn eigen ûndersyk spitst him benammen ta op de útspraak fan it Frysk en it Nederlânsk yn Fryslân, de evaluaasje fan fariaasje en de ûntjouwing fan de eksperimintele sosjolinguistyk.

Van de Velde is fierder bestjoerslid fan de Stiching Nederlânske Dialekten (SND), koördinator fan it Europeesk-Sineeske netwurk ILCI (Industrialization, Language Contact and Identity Formation in China and Europe), redakteur fan n/f (tydskrift foar de nearlandistyk yn Frânsktalich België en Frankryk), redaksjelid fan Taal en Tongval en Dutch Journal of Applied Linguistics (DuJAL), gastheechlearaar oan de University of Pennsylvania (2002), de University of Florida (2006) en de Universiteit fan Nanjing (2010 en 2015).

 

 

Publikaasjes (seleksje)

Van de Velde, H. 1996. Variatie en Verandering in het Gesproken Standaard-Nederlands. (1935-1993). Nijmegen: KUN.

 

Yn 'e media

Hans Van de Velde, Tijd voor een nieuw Fries taalbeleid, Leeuwarder Courant, 18 juny 2016.

Drie dagen lang praten over de letter R, Radio 538, 19 maaie 2016.

'De 'r' van een briesend paard, die hebben wij niet', NOS Radio 1, 18 maaie 2016.

Maria del Grosso, Akademy zet Vlaming op het Fries, Leeuwarder Courant, 20 desimber 2014.