Skip to main content

Ybema, J. (Jan)

ûndersyksmeiwurker

Projekten

Fryske bedriuwsskiednis (ûndersyksmeiwurker)

 

Biografy

Jan Ybema (Warkum 1991) is ûndersyksmeiwurker by de temagroep 'Fryske bedriuwsskiednis'. Dêr hâldt er him op dit stuit mei Marijn Molema dwaande mei in skiednis fan it bedriuw Douma Staal yn Snits.

Earder hat er as stazjêr in oral history skreaun fan de modernisearring yn de Fryske suvel, dêr’t er syn skripsje fan makke foar de ûndersyksmaster Modern History oan ’e Ryksuniversiteit Grins. By syn bachelors skiednis en Fryske Taal en Kultuer hat er boppedat minoaren folge oer Midden- en East-Europa en duorsumens. Hjerst 2015 folge er in ûndersyksstaazje by it Amsterdam Centre for Middle Eastern Studies oan 'e UvA en op it heden wurket er oan de MA Midden-Eastenstúdzjes oan ’e RuG. Fierder is er as studint-assistint by prof.dr. Goffe Jensma ferbûn oan it Frysk Ynstitút foar de BA Minorities and Multilingualism en de MA Multilingualism.

Wikselwurkingen tusken it lokale en mondiale, tusken sintrum en perifery hawwe syn belangstelling. Yn 'e frisistyk hat er him ûnder oaren ferdjippe yn Aldfryske brieven (skripsje), taalferlies by Fryske emigranten en de Slach by Warns as lieu de mémoire. Sa no en dan skriuwt er as freelancer foar it Friesch Dagblad.