Spesjalismen
Taalfariaasje en –feroaring; sociolinguistyk; fonetyk
Biografy
Martijn Kingma (1998, Ljouwert) behelle in bachelordiploma Minorities & Multilingualism (2019) en in master Taalkunde (2021) oan ’e RUG. Nei in skoftsje as leksikograaf wurke te hawwen by de Fryske Akademy, is er yn july 2022 úteinset mei in promoasjetrajekt by de FA yn gearwurking mei de UvA.
De fokus fan syn ûndersyk leit op fariaasje en feroaring yn it Fryske fokaalsysteem. Hy brûkt dêrby in kombinaasje fan sosjolinguistyk en fonetyk.