Skip to main content

Telefoan
058-213 14 14 (resepsje)

Mail
ALooijenga@fryske-akademy.nl

Undersyksoutput
pure.knaw.nl

Looijenga, A.R. (André), MA

Leksikograaf

Telefoan
058-213 14 14 (resepsje)

Mail
ALooijenga@fryske-akademy.nl

Undersyksoutput
pure.knaw.nl

Spesjalismen

leksikografy; kultuerskiedenis fan talen; ier-modern Frysk (Midfrysk); letterkunde; Latynske en Grykske filology

 

Biografy

André Looijenga (Tersoal, 1982) hat Grykske en Latynske Talen en Kultuer studearre oan ’e Ryksuniversiteit Grins, wat er ôfslute mei de researchmaster Classical, Medieval and Renaissance Studies. Syn niget oan talen, skiednis en literatuer makke dat er him dêrneist hieltyd mear mei it Frysk dwaande hold. Sûnt 2022 skriuwt Looijenga by de Fryske Akademy as leksikograaf mei oan it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek (ONFW). Dêrnjonken wurket er as dosint klassike talen yn it fuortset ûnderwiis.

Looijenga hat fan 2011 oant 2019 redakteur fan it Frysk literêr tydskrift Ensafh west. Hy hat ferskate oersettings nei it Frysk ta publisearre. Hy is ko-auteur fan Meelijwekkend volk, in publyksboek oer de skreaune boarnen oer Friezen út ’e âldheid en iere midsieuwen. Hy is ek ien fan de trije gearstallers fan Swallows and Floating Horses, in blomlêzing fan Fryske literatuer út acht iuwen, mei Ingelske oersettingen en ynliedingen.

Mei syn eigen warberens yn it Frysk wol Looijenga ferbiningen lizze tusken letterkunde, taalkunde en skiednis. Hy besjocht it (ier-moderne) Frysk graach yn ferliking mei oare ‘lytsere’ Europeeske talen en yn syn histoaryske meartalige kontekst. As leksikograaf, as ûndersiker en as skriuwer hopet er sines te dwaan ta de libbenskrêft en de takomst fan ús mienskiplik talich erfskip.

 

Resinte publikaasjes

Bruinsma, E., de Jong, A.P. & Looijenga, A.R. (2018). Swallows and Floating Horses. An Anthology of Frisian Literature. Francis Boutle Publishers, London.

Looijenga, A.R., Popkema, A.T. & Slofstra, B. (2017). Een meelijwekkend volk. Vreemden over Friezen van de oudheid tot de kerstening, Uitgeverij Wijdemeer, Leeuwarden

Looijenga, A.R. (2015). ‘Hengist, Horsa en Ronixa’. Ensafh 7.3, 31-44

Looijenga, A.R. (2014). ‘Chronique en Carmina: Latijn, volkstalen en het oeuvre van Pierius Winsemius (1586-1644)’. Philologia Frisica 2012, Leeuwarden.

Looijenga, A.R. (2014). ‘The spear and the ideology of kingship in Hellenistic poetry’. Harder, M.A., Regtuit, R.F., Wakker, G.C., Hellenistic Poetry in Context, Leuven.

Looijenga, A.R. (2014). ‘Werom nei Dbrss yn it lân Lcrss’. Ensafh 6.6, 62-67.

Looijenga, A.R. (2012). ‘Skriuwe yn in lytse taal. Frysk, Furlan, Lëtzebuergesch, en twa wêrom-fragen’. Ensafh 4.2, 4-21

Looijenga, A.R. (2009). ‘Unrolling the Alexandra: the allusive messenger-speech of Lycophron’s prologue and epilogue’. Cusset, C. & Prioux, É., Lycophron: éclats d’obscurité. Saint-Étienne. 59-80.