Spesjalismen
leksikografy, filology, skiednis fan Frysk identiteitsfielen, taalbelied en Fryske taalbeweging
Projekten
Wittenskiplike Biografy fan Tony Feitsma (ôfsletten)
Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek
Biografy
Liuwe H. Westra (Snits, 1966) studearre Klassike Talen en Téology oan ’e Universiteit fan Grins. Yn 2002 promovearre er oan ’e Katolike Téologyske Universiteit te Utert op in foarmskiednis fan ’e Apostoalyske Geloofsbelidenis. Nei in tal jierren as foltiids gemeentepredikant waard er yn 2008 postdok yn Utert, dêr’t er him fierder dwaande hold mei belidenissen as tekstsjenre en dêr’t er redakteur wie fan ’e ynternetensyklopedy Patropedia. Dêrnei wied er in jiermannich dosint Nije Testamint yn Grins, en yn 2019 krige er de opdracht om de wittenskiplike biografy fan Tony Feitsma te skriuwen. Sûnt 2022 is er redakteur fan it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek.
Hy hat him sûnt syn stúdzjetiid altyd mear en minder wittenskiplik mei taal en taalbelied, literatuer en kultuer yn Fryslân dwaande holden en is njonken wittenskipper ek essayist en oersetter. Hy hat The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien yn it Frysk oerset (2010, 2015, 2023), mar ek in nije oersetting publisearre fan it Evangeelje fan Mattéus út ’e Grykske grûntekst (2018). Hy is redakteur Nije Testamint by de Stifting Fryske Bibeloersetting sûnt 2020. Dêrneist is er sûnt 2022 lid fan ’e redaksje fan ’e krityske edysje fan ’e Opera Omnia fan Erasmus, in projekt fan it Huygensynstitút te Amsterdam. Fan 2023 ôf is er bestjoerslid fan de Stichting Nassau en Friesland.