Skip to main content

De let-fyftjinde-iuwske Uterter kronyk fan de Dútske Oarder: manuskripten, boarnen en auteurskip

Macht, besit en romte yn Fryslân

De Croniken van der Duytscher Oirden is in Middelnederlânske kronyk út it lêste fearn fan de fyftjinde iuw, skreaun yn de Uterter balije (bestjoersdistrikt) fan de Dútske Oarder, dy’t ek fêstigings yn Fryslân hie. De kronyk fertelt it ferhaal fan de Dútske Oarder – in geastlike ridderoarder – dy’t begjint yn Bibelske tiden en einiget yn 1467, en ophinge is oan de libbensbeskriuwings fan de ûnderskate heechmasters en lânkommandeurs fan de balije Utert. It wurk is yn Europeesk ferbân tige wichtich, om’t it skreaun waard yn in tiid dat de oarder slim oan macht en besit ynboete hie en yn Noardwest-Europa har funksje fan beskermer fan de kristenheid net mear wiermeitsje koe. Har leden moasten op ’e syk nei in nije rjochtfeardiging fan harren bestean. Yn dizze promoasjestúdzje wurde de manuskripten, boarnen en it auteurskip fan de kronyk analysearre. Boppedat wurdt in moderne digitale edysje besoarge.

 

Promovendus (AyO)
drs. Rombert J. Stapel

Promotor
prof.dr. Hans Mol

Ko-promotor
dr. Sjoerd Levelt (University of Ankara)

Undersykstema
Macht, besit en romte yn Fryslân

Rintiid
01/01/2009-01/01/2016 (promoasje yn 2017)

Finansjearre troch
Ridderlijke Duitsche Orde, Balije van Utrecht

 

Ut it Dútske Hûs te Utert kenne wy in tekst dy’t om 1500 hinne yn it Middelnederlânsk skreaun is, mei de titel Croniken van der Duytscher Oirden. Der blike fjouwer manuskripten fan oerlevere te wêzen, yn argiven yn Wenen, Gent, Utert en Assen, dy’t oars allegearre oarspronklik yn it Uterter fermidden fan de Dútske Oarder sirkulearre lykje te hawwen. By neiere beskôging bestiet de kronyk út twa parten. It binne twa (sub)kroniken, wêrfan’t de earste en grutste de skiednis fan de Dútske Oarder as gehiel behannelet, neffens bestjoersperioade fan de ûnderskate grut- en heechmasters, en de twadde de skiednis fan it bestjoersdistrikt Utert beskriuwt, mar dan neffens bestjoersperioade fan de lânkommandeurs.

Yn de historiografy binne de beide kroniken oant no ta as selsstannige wurken beskôge en beskreaun. It earste doel fan it dissertaasjeûndersyk fan Rombert Stapel, dat yntusken sa goed as ôfsletten is, wie om de gearhing tusken de beide dielkroniken te ûntleedzjen. It twadde doel wie om mear dúdlikheid te krijen oer de hânskriften mei harren filiaasje, oer de boarnen efter dy teksten en oer it auteurskip. It efterlizzende doel wie om mear ljocht te smiten op de ûntjouwing fan in ynternasjonaal aktive ridderoarder yn in krúsjale faze fan har bestean; ljocht dat út oare parten fan it eardere Dútske Ryk net te ferwachtsjen wie, gewoanwei om’t dêr gjin soartgelikense kroniken bewarre bleaun binne.

Wis is dat de Croniken ideeën werjout oer it wer oplibje litten en herfoarmjen fan de Dútske Oarder, de iennige grutte geastlike ridderoarder dy’t Europa yn de lette midsiuwen neist de Johanniters noch koe.

It is fêst kommen te stean dat beide ûnderdielen yn Utert konsipiearre en skreaun binne. It is ek fêststeld dat it Weenske hânskrift it âldste en meast oarspronklike is, en dat dat yn twa fazen – ien oan it begjin en ien koart nei de jierren tachtich – skreaun is troch Hendrik van Vianen, de sekretaris fan lânkommandeur Johan van Drongelen. Dat dy Hendrik, dy’t oars gjin prysterbroer mar in sekulier geastlike wie, dêrmei ek de auteur wie, is net sein.

Earder liket Van Drongelen, dy’t himsels yn ferskate opsichten as de grutte renovator fan de balije Utert manifestearre hat, dochs sels de heit fan de kronyk west te hawwen. Fan him is bekend dat er relaasjes ûnderhold mei in fermidden fan Hollânske kronykskriuwers. It boarneûndersyk lit sjen dat de auteur in ûnbidich skala oan boarneteksten brûkt hat. Hy rieplachte net allinne âldere oarderkroniken en tal fan oarkonden út it eigen Uterter argyf, mar socht ek aktyf nei teksten yn oare oardersintra en dêrbûten. Sa liket de promoasjestúdzje om sa te sizzen in letmidsiuwske historiograaf yn syn wurkkeamer trappearje te kinnen.

De stúdzje wurdt beselskippe fan in moderne digitale edysje dêr’t de fjouwer hânskriften neistinoar yn te rieplachtsjen binne.