Fakgroep
Taalkunde

Projektlieder
dr. Hanno Brand

Meiwurkers
dr. Eric Hoekstra

 

Yn 'e media

 

Sjoch ek:

 

Gearfetting

It ûndersyksprojekt rjochte him yn it bysûnder op twa fragen:

  • Hokker taalferskynsels yn it Frysk binne gefoelich foar de ynfloed fan it Nederlânsk en hokker binne resistint?
  • Hokker faktoaren meitsje út hokker taalferskynsels yn it Frysk wol of net gefoelich binne foar de ynfloed fan it Nederlânsk?

De wichtichste konklúzje is dat de kwantifisearre faktoaren frekwinsje en analogy yn hege mjitte fan ynfloed binne by de fraach hokker Fryske taalferskynsels troch it Nederlânsk beynfloede wurde. Yn de ûntjouwing fan sokke beynfloeding is gauris sprake fan multipele kausaliteit op de ûnderskate grammatikale nivo’s, dy’t beskiedt hoe’t in taalferoaring him trochset.

De wittenskiplike mearwearde leit yn it ynsjoch yn it taalfermogen fan twataligen. Dat fermogen wurdt opfette as in neuraal netwurk wêryn’t de sterkte fan in ferbining “by proxy” troch frekwinsje metten wurdt, wylst de represintasjonele ôfstân tusken twa ienheden fan ynformaasje ôfhinget fan de mjitte wêryn’t dy ienheden oerienkomstich binne. Soks kin mei de Levenshteinôfstân of in soartgelikens meganisme metten wurde. Sadwaande kin foarspeld wurde hokker Fryske taalferskynsels oft yn de takomst sûnder mis beswike sille en hokker oft in reedlike kâns fan oerlibjen ha. Dat sil de effektiviteit fan it ûnderwiis yn it Frysk belangryk ferheegje kinne, want no wurdt in soad enerzjy fergriemd mei it yn stân hâlden en oanlearen fan ferskynsels dy’t it dochs net rêde sille.

Hjirûnder stiet in list mei kaaipublikaasjes fan dit ûndersyksprojekt. Kaaipublikaasje Hoekstra en Slofstra (2014), publisearre yn Language, jout ynsjoch yn de wize wêrop’t de ûnderskate struktuernivo’s fan syntaksis, semantyk, fonology en morfology allegearre bydrage oan de behanneling fan in liend taalferskynsel en hokker ûnderlinge ôfhinklikheden oft optrede kinne. Hoekstra (2012b) lit sjen dat in ferskynsel dat op it heden tige aktueel is (Hollânske folchoarders yn de Fryske tiidwurdkloft) ek al foarkaam yn de santjinde iuw, yn it wurk fan de (kwa taalsuverens) ûnfertochte skriuwer Gysbert Japicx. Yn de santjinde iuw wienen de ynterferinsjes keppele oan kompleksiteit, wylst de ynterferinsjes yn it Frysk fan hjoed algemien oanwêzich binne.