Skip to main content

In website biedt fan sneon 19 oktober ôf tagong ta in ynteraktyf gegevensbestân fan patroanhilligen en prysters fan alle tsjerken yn Grinslân en Drinte fan foar 1640 en dêrneist in dataset fan hilligen en geastliken yn de provinsje Fryslân fan foar 1600.

De gegevens binne sammele troch de yn 2017 ferstoarne Fryske histoarikus en genealooch Otto Roemeling. De Fryske Akademy en de Stichting Oude Groninger Kerken presintearje de nije website op sneon 19 oktober by in gearkomste yn de Hippolytustsjerke te Middelstum fan 15.00 oere ôf.

    Wannear: sneon 19 oktober 2019, 15.00 oere (fan 14.30 oere ôf ynrin)
    Wêr:
    de Hippolytustsjerke fan Middelstum, Concordiaplein 1, 9991 BB Middelstum
    Tagong: allinne nei opjaan; opjefte is spitigernôch net mear mooglik.
    Fiertaal:
    Nederlansk
    Mear ynformaasje & programma:
    útnûging yn pdf