Skip to main content

Taalstreken: in streektaledei fol kultuer

Yn oansluting op de Streektaalkonferinsje fan freed 8 juny, is der op sneon 9 juny 'Taalstreken': in dei fol kultuer mei taalpromoasje yn praktyk yn de Taletún (stedspark de Prinsetún te Ljouwert). 'Taalstreken' wurdt holden fan 12.00 oant 18.00 oere en biedt in ferskaat oan aktiviteiten. Fan optredens fan skriuwers, dichters, sjongers en gûchelders oant workshops skriuwen en dichtsjen yn ûnder mear yn it Frysk, Stellingswerfsk, Drintsk en Grinslânsk. De tagong is fergees en elk - jong en âld - is wolkom!

In oersjoch mei de tiden fan de optredens/aktiviteiten fine jo hjir (en sjoch dan by 9 juny).

Hein Jaap Hilarides
Hein Jaap Hilarides is skriver en muzikant. Hy treet op met boogiewoogie, Biltske lieten en spoken word. In 2017 ferskeen de roman De trekker fan Troje.

Marlene Bakker
Marlene Bakker, zangeres, schrift laidjes, debuteerde körtsleden mit t Grunnegstoalege album RAIF. n Nije steern aan Grunneger hemel, veroverde rap n groot publiek.

Wikitongues
De minsken fan Wikitongues sammelje alle talen en dialekten op de wrâld! Lit dyn taal of dialekt ek opnimme yn de Taletún. Wat mear, wat moaier. www.wikitongues.org

Workshop Skriuwen troch Lida Dykstra   (foar bern fan 8 – 12 jier)
Meist graach ferhalen betinke en kreatyf skriuwe, mar kinst noch wol wat tips brûke? Berneboekeskriuwster Lida Dykstra fertelt yn dizze workshop har skriuwgeheimen, en giet mei de bern oan de slach om û.o. in eigen haadpersoan te ûntwerpen, in ferhaalline út te stippeljen en in byldgedicht te meitsjen.
Bist mear in tekener? Ek oan it yllustrearjen fan boeken wurdt oandacht bestege.
Lida nimt wurkbledden mei en liedt de jonge skriuwers en tekeners stap foar stap troch it proses hinne, wêrtroch’t elkenien wat op papier kriget. Oan ’e hân fan har eigen boeken lit se foarbylden sjen.
Nei oanrin krije de dielnimmers de hand-out ‘Tsien tips foar jonge skriuwers’ en in moaie boekelizzer mei nei hûs.

Lida Dykstra lêst foar
  (oan pjutten en beukers, mar ek oan heiten, memmen, pakes, beppes en elkenien dy’t mar oanskowe wol)
Lida Dykstra hat hiel wat printeboeken skreaun, bygelyks Mûske myn famke, Skattich, Tsien lytse hekskes, Ik bin in optocht, Pykje Fjouwer en Sipke syn Alvestêdetocht.
In pear fan dy boeken lêst sy ynteraktyf foar. Der wurdt ek hiel goed sjoen nei de printen, want soms binne dêr aardige grapkes yn te finen. Ut en troch freget se de bern om help. Want hoe hjit dat griene bist mei dy lange sturt no ek alwer? In kri… in kro… En wa kin har helpe al dy lytse knyntsjes te tellen?

Oer Lida Dykstra
Lida Dykstra stiet yn de top-100 fan Nederlânske berneboekenskriuwers. Sy skriuwt yn it Frysk en Nederlânsk, mar har wurk is ek yn ferskate talen oerset.
Behalve printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers (AVI), skriuwt se ek boeken foar âldere jeugd. By dy boeken lit sy har graach ynspirearje troch har eardere fakgebiet Keunstskiednis.
Lida komt faak op skoallen en yn bibleteken om foar te lêzen en te fertellen.
Sûnt 2015 is sy as Skoalskriuwer aktyf, wat ynhâldt dat sy in healjier ferbûn is oan in basisskoalle yn Fryslân om mei de bern te skriuwen, en te wurkjen oan wurdskat, taalûntwikkeling en lêsplezier.

Foar mear ynformaasje: www.lidadijkstra.nl
Lida is ek te finen op Facebook, Twitter en Instagram.

 

 

WIEBE

De band WIEBE makket progressive popmuzyk, mei Ingelsk- en Frysktalige teksten. De band bestiet út Wiebe Kaspers (sang, toetsen), Daan Slagter (drums) en Florian den Holander (bas). Harren nije album ∆ELTA kaam út yn desimber 2016, en hat de bysûndere foarm fan in trijehoek, mei ek gastoptredens fan Elske DeWall en Syb van der Ploeg. De band brocht yn 2017 twa 360º fideoklips út, dy’t op YouTube te finen binne: ‘On and on’ en ‘Help, help, help’.Op dit stuit wurket de band oan nij materiaal, wêrmei’t se yn 2019 de studio yn gean.

Nei tal ferskate projekten (Wiebe spile û.o. by de 3FM Serious Talent-band When We Are Wild) wist WIEBE de finale te beheljen fan de Kleine Prijs van Friesland 2015, en waarden se yn 2016 en 2017 nominearre foar de Bernlef Priis. Foar harren 360º clip ‘Help, help, help’ wûn de band de Omrop Fryslân Klipkar Award by de Fryske Popawards.
Wiebe Kaspers (sang, toetsen, 1990)
Florian den Hollander (bas, 1991)
Daan Slagter (drums, 1993) 

Workshop Grutte Fuotten/Grote Voeten - dichtsjen foar bern boppebou – Pieteke de Boer
Mei as foarbyld in gedichtsje fan Hans en Monique Hagen besykje we sels ek in gedicht op papier te krijen. Mei wat help fan in stift, dyn fuotten en skuon, in stik papier en my, slagget it dy grif om in gedicht te skriuwen. En foar it gedicht makket it neat út ast no grutte of lytse fuotten hast. Al eefkes skjinne sokken oandwaan ast meidwaan wolst. 

Hank de goochelaar
Hank is un goochelaar die ut meer mut hebb'n van zien proaties dan van de truukies die as hi'j dut. Ondanks dat is ut soms wonderbaarluk umme te zien wat as hi'j allemoale kan. Ie stoat 'r bi'j en ie hebt gien idee hoe as 't warkt. Gezelligheid en lol doar dreit ut umme bi'j Hank die zolf ok nog un beetie kiend is. In 1990 is Hank begunt mit goochel'n. Eerst mit doem'n en knien'n maar dat mag niet meer dus now mit aander spul. Hank sleept oe mit deur un magische wereld woar soms un truuk mislukt maar woar de miest'n goed got. Al mit al, aj lach'n wilt en gek bint op un beetie toverkuunst dan mu'j vanmiddag Hank zeker niet links loat'n ligg'n. Ut ien en aander giet in 't Nedersaksische dialect maar doar wen ie wel an. Welkom bi'j Hank "de koelust madjisjun on urft" :-)).

’Slim Stellingwarfs’
Et Comprix College is een bovenschoels onderwiesarrangement veur cognitief telentvolle basisschoeleleerlingen.In et kader van Passend Onderwies het dit arrangement veul ommedaenken veur de persoonlike ontwikkeling van de kiender naost de uutdaeging op et gebied van leren. Iene van die uutdaegings gedurende de laeste twie jaor is om et lezen, schrieven en praoten in een vremde tael te leren. D’r is keuzen veur et Stellingwarfs. Dat is een tael die goed te begriepen is veur de kiender, mar zels praoten en schrieven? Ie moe’n fouten durven te maeken, deurzetten bi’j et leren van woorties en grammatika en lef tonen aj’ de tael praoten gaon. Van teveuren weej’ ommes al daj’ dat nog niet goed kunnen.

Et materiaol bi’j de kursus Stellingwarfs is ontwikkeld deur de leerkracht van de ooldste groep tegere mit de Stellingwarver Schrieversronte. (https://www.stellingwerf-heemkunde.nl) De Schrieversronte verzorgt ok et examen an et aende van de kursus.