Taalkundich Wurkferbân
It Taalkundich Wurkferbân wol lju mei niget oan de taalkundige bestudearring fan it Frysk ‒sneupers likegoed as taallju fan profesje ‒ gearbringe, om sa de Fryske taalkunde fuort te sterkjen.
It giet dêrby om it Frysk yn al syn fazen ‒ Ald-, Mid- en Nijfrysk en de oergongen dêrtusken ‒ en om it Frysk yn rommer geografysk ferbân: it East- en Noard-Frysk, de Westerlauwersk Fryske dialekten, mei ynbegryp fan de Frysk-Nederlânske mingdialekten en it saneamde 'ynterferinsjefrysk', en de Hollânske dialekten op in Frysk substraat (fan foaral West-Fryslân en Noard-Grinslân).
Sûnt 2006 organisearret it Wurkferbân de Dei fan de Fryske Taalkunde, neffens it mal fan de Taalkunde in Nederland-dag (TIN-dag). Waarden de sprekkers earder útnûge, no wurdt der wurke mei in oprop foar lêzingen, dêr't taalkundigen op reagearje kinne. Dizze dei wurdt ien kear jiers, yn it neijier, holden (útsein yn de jierren fan it Frysk Filologekongres).
De formule fan de Dei fan de Fryske Taalkunde slacht oan, sa docht bliken: op de Taalkundei fan 23 oktober 2015 wienen der achttjin lêzingen (yn twa parallelle sesjes). Mar it giet fansels om mear as it tal sprekkers allinnich. Op syn minst like wichtich is it, dat der ek moai wat sprekkers by wienen fan bûten de frisistyk, ek út it bûtenlân, en foaral ek jongere ûndersikers (promovendy en studinten). Dat is ek te merken oan de fiertalen; sloegen earder it Frysk en it Nederlânsk foar master op, it Ingelsk en it Dútsk spylje langer ek net swak by.
Oprjochtingsjier
1979 (as fuortsetting fan it eardere Taelkundich Wurkforbân)
Bestjoer en kontakt
Foarsitter: Siebren Dyk (e-mail)
Skriuwer: Willem Visser (e-mail)
Leden: Eric Hoekstra, Rolf H. Bremmer Jr
Jierferslaggen