Skip to main content

Gearwurking

De Fryske Akademy is net allinnich in aktive regionale partner, mar wurket ek nau gear mei oare wittenskiplike ynstellingen en universiteiten, bedriuwen en oerheidsorganisaasjes, sawol lanlik as ynternasjonaal.

 

 

Gearwurkje yn ûndersyk

De Fryske Akademy is liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) en wurket nau gear mei de ferskillende ynstituten fan ’e KNAW. De KNAW is dêrmei it belangrykste wittenskiplike netwurk foar de Fryske Akademy. Mei it Meertens Instituut wurkje wy bygelyks gear yn it troch NWO finansiere projekt Taalportaal.

Regionaal stribje wy ek nei in goede gearwurking op it mêd fan ûndersyk. Sa is de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) ) partner yn ferskillende wittenskiplike ûndersyksprojekten dêr’t studinten nau by belutsen wurde: Serious Gaming foar taallearen en it tema Linguistic Landscape.

 

Promoasjetrajekten

Wy begeliede ferskillende promoasjetrajekten yn gearwurking mei universiteiten yn Nederlân. Sa binne der rinnende promoasjetrajekten mei de Universiteit van Amsterdam (UvA), Universiteit Utrecht (UU), Ryksuniversiteit Grins (RUG) en Universiteit Maastricht (UM).

Dêrneist hawwe wy mei de University Campus Fryslân (sûnt 1 jannewaris 2016 Campus Fryslân fan ’e Ryksuniversiteit Grins) promoasjetrajekten opstart op it mêd fan ’e Fryske taal, kultuer, romte, histoarje en identiteit. Mei it bieden fan promoasjetrajekten leverje wy in belangrike bydrage oan ús doelstelling om it wittenskiplike klimaat yn Fryslân te befoarderjen.

 

 

Maatskiplike en private partners

De Fryske Akademy is sterk mei de regio ferbûn, ûnder oare troch de gearwurking mei ferskillende provinsjale kennisynstellingen. Tresoar en Omrop Fryslân binne partner yn it troch NWO finansiere projekt FAME! op it mêd fan spraaktechnology. De Afûk is ek in fertroude partner fan ’e Fryske Akademy, ûnder mear yn it NWO-projekt Meartalich Belibjen.

Grutte inisjativen dêr’t wy op dit stuit oan wurkje mei regionale partners binne:

  • Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018: Yn 2018 is Ljouwert tagelyk mei de Malteeske haadstêd Valletta keazen ta Kulturele Europeeske Haadstêd fan Europa. Yn dat ramt wurdt regionale gearwurking noch mear yntinsivearre om de ambysjes fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 realisearje te kinnen.
  • Redbot: online platfoarm mei alle ynformaasje oer digitaal Frysk kultureel erfgoed. Binnen dit mearjierreprogramma (2014-2018) binne ferskillende dielprojekten dy’t soargje dat bygelyks alle âlde kaarten, museumkolleksjes, Fryske literatuer, films, foto’s, mar ek notariële akten en âlde juridyske stikken beskikber steld wurde.

Net allinne yn ’e regio, mar ek op lanlik nivo sykje wy de gearwurking mei maatskiplike en private partners.

  • HisGIS: Historisch Geografisch Informatiesysteem dat belangrike ynformaasje oer de stêdlike en provinsjale romtlike ynfrastruktuer befettet. Yn dit projekt sil de Fryske Akademy gearwurkje mei oerheidsorganisaasjes, grutte lanlike argiven en universiteitsbiblioteken.

 

 

Oerheidsorganisaasjes

De Fryske Akademy is in belangrike oerlispartner foar Provinsje Fryslân. Yn opdracht fan ’e provinsjale oerheid fiere wy ek geregeld tapaste ûndersyksprojekten út, lykas op it mêd fan Frysk taalgebrûk op sosjale media. Dêrneist ûntwikkelje wy foar de Provinsje taalhelpmiddels foar it Frysk.

Mei it saneamde Boppeslach-ûndersyk (2007-2014) waard yn opdracht fan Provinsje Fryslân it provinsjale ûnderwiisbelied evaluearre. 

Wy fiere ek ûndersyksopdrachten út foar gemeenten en jouwe dêrby in belangrike bydrage oan it beäntwurdzjen fan beliedsfragen, ûnder mear op it mêd fan taal en ûnderwiis.

Sa is yn 2015 ûndersyk dien foar gemeente It Bilt, oangeande it opnimmen fan it Biltsk yn it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.

 

 

Ynternasjonale netwurken

Ynternasjonaal wurkje wy gear mei ferskillende universiteiten, yn bilaterale gearwurkingen mar ek yn gruttere ynternasjonale netwurken. It yn 1987 oprjochte Mercator Network is ien fan ’e langstrinnende Europeeske gearwurkingsferbannen op it mêd fan meartaligens en minderheidstalen. Us kennissintrum Mercator koördinearret dat netwurk en foarmet dêrmei in belangrike ynternasjonale eksponint fan ’e Fryske Akademy. It Mercator Network bestiet út de neikommende partners: Aberystwyth University yn Wales, Stockholm University, University of Barcelona en it Research Institute for Linguistics yn Budapest.

Op it mêd fan ’e leksikografy is it European Network of E-Lexicografy (ENeL) opset mei help fan in COST-subsydzje, it netwurk bestiet út partners fan mear as 27 lannen. Op skiedkundich mêd wurde ek ynternasjonale gearwurkingsferbannen konsolidearre. It Geschiedenisnetwerk (gesnet.eu) bestiet út histoarisy út Noard-Nederlân en Noardwest-Dútslân, mei as doel om de regionale skiednis oan wjerskanten fan ’e grins fierder te ûndersykjen.

De Fryske Akademy hat bilaterale gearwurkingsoerienkomsten mei inkelde universiteiten en akademyske kennisynstellingen om spesifike tema’s hinne:

  • School of Oriental and Asian Studies (SOAS) fan ’e Universiteit fan Londen. Alle jierren wurde seminars en kongressen organisearre op it mêd fan minderheidstalen, ôfwikseljend yn Ljouwert en London
  • China Center for Linguistic and Strategic Studies (CCLASS) fan ’e Universiteit fan Nanjing, op it mêd fan taalûndersyk en minderheidstalen
  • The Royal Academy of the Basque Language (Euskaltzaindia) yn Bilbao (Spaansk Baskelân)