Skip to main content

Ofsletten projekten

Op dizze side kin in seleksje fan ôfsletten projekten fûn wurde. Yn it ûndersteande oersjoch binne projekten en promoasjetrajekten dy't yn 2015 of earder ôfrûn binne werom te finen by ien fan de trije fakgroepen. De Fryske Akademy hat syn fakgroepstruktuer yn septimber 2015 ôfskaft en ferfongen troch in projektorganisaasje mei sân ûndersykstema's.

 

 

Fakgroep Skiednis

De let-fyftjinde-iuwske Uterter kronyk fan de Dútske Oarder: manuskripten, boarnen en auteurskip (2009-2016), promoasjetrajekt fan Rombert J. Stapel. Yn dizze promoasjestúdzje wurde de manuskripten, boarnen en it auteurskip fan de Croniken van der Duytscher Oirden analysearre. De Croniken binne in Middelnederlânske kronyk út it lêste fearn fan de fyftjinde iuw, skreaun yn de Uterter balije (bestjoersdistrikt) fan de Dútske Oarder, dy’t ek fêstigings yn Fryslân hie.

 

 

Fakgroep Sosjale Wittenskippen

Boppeslach-rapportaazje (2008-2014). Evaluaasje fan it provinsjaal ûnderwiisbelied yn it saneamde Boppeslach-programma foar ûnderwiiskwaliteit en meartaligens. De evaluaasje seach û.o. nei taalûntjouwing fan it jonge bern, ûnderwiiskundige yntervinsjes, trijetalige skoallen en de Studio F-metoade.

 

 

Fakgroep Taalkunde

Fryske Grammatika (2011-2015). Mei dit projekt waard troch middel fan korpusûndersyk en kwalitative grammatikaliteitsoardielen ûndersocht hoe’t de grammatika en wurdskat fan in dominante taal (i.c. it Nederlânsk) ynfloed útoefenet op histoaryske feroaringsprosessen yn in minderheidstaal (i.c. it Frysk). It tema fan taalferoaring spilet troch de tradisjonele taalkundige subdissiplines fan syntaksis, semantyk, morfology en fonology hinne, en is dêrom by útstek gaadlik om de komplekse ynteraksjes tusken dy fjouwer nivo’s fan taalstruktuer oan it ljocht te bringen.