Undersykstema's
Watfoar ûndersyk dogge de wittenskippers fan 'e Fryske Akademy? Foar it rinnende lustrum 2015-2020 hat de Akademy sân ûndersykstema's definiearre. Sjoch hjirûnder foar in oersjoch. Mear oer rinnende projekten is te finen op 'e ûnderskate temasiden.
Meartaligens en taal learen
Undersyk nei de maatskiplike en yndividuele aspekten fan meartaligens, yn it foarste plak ûnder taalminderheden.
Taaldeskripsje en standerdisearring
Beskriuwing fan it Frysk fan no en fan earder en it ûntwikkeljen fan digitale helpmiddels foar sawol ûndersikers as gewoane taalbrûkers.
Syngrony en diagrony yn taal
Undersyk nei it Frysk fan no en fan earder en de fraach hoe't de yn Fryslân sprutsen taalfariëteiten feroarje en inoar beynfloedzje.
Macht, besit en romte yn Fryslân
Undersyk nei de langetermynûntjouwing fan 'e besits- en machtsferhâldingen yn 'e Fryske lannen tusken Fly en Iems.
Midsiuwske rjochtstradysjes
Komparatyf ûndersyk nei Europeeske midsiuwske rjochtstradysjes, mei it Fryske midsiuwske rjocht as spesifike kasus.
Kultuer yn iermodern Fryslân
Analyze fan 'e politike en religieuze feroaringen yn Fryslân tusken 1450 en 1800 en fan 'e Fryske identiteit dy't dêrútwei ûntstie.
Ekonomyske klusters
Regionaal-histoarysk ûndersyk nei ekonomyske ûntjouwing en belied yn Fryslân sûnt 1870.