Skip to main content

De ekonomyske fitaliteit fan Noardeast-Fryslân

Ekonomyske klusters

Demografyske krimpregio's krije gâns omtinken. Lanlik en regionaal wurdt besocht om de ekonomy fan dy kwetsbere gebieten te stimulearjen. Mar foar hokker oanpak moat dan keazen wurde? Yn hokker sektoaren ynvestearje? Foar it antwurd op sokke beliedsfragen is kennis oer de ûntjouwing fan in regio nedich. Doel fan dit projekt is it opsetten fan in histoaryske metoade dy't politisy, beliedsmakkers en ûndernimmers yn krimpregio's helpt om har regionale ekonomy te ûndersykjen. Spesjaal foar Noardeast-Fryslân jildt in oanfoljende doelstelling. As pilot-regio profitearret dat gebiet fan de ûndersyksresultaten omdat it liedt ta better ynsjoch yn de regionale ekonomy.

 

Undersykstema
Ekonomyske klusters

Projektlieder
dr. Marijn Molema

Meiwurkers
Bart Hoogeboom

Rintiid
01/10/2015-30/09/2019

Finansiere troch
Fryske Akademy, Ryksuniversiteit Grins, Provinsje Fryslân, Netwerk Noordoost, Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes

Gearwurkingsferbân mei 
Provinsje Fryslan, Netwerk Noordoost, seksje Economische en Sociale Geschiedenis fan de Ryksuniversiteit Grins, programma Bevolkingsdaling fan it Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes; Rabo Research

Begeliedingskommisje
Bearn Bilker (boargemaster Kollumerlân c.a.); Siepie de Groot (programmakoördinator Netwerk Noordoost); Oebele Vries (gastûndersiker Fryske Akademy); Tjerk Soet (âld-meiwurker Rabobank)

 

 

Sûnt in pear jier stiet it Nederlânske regear noed foar de 'ekonomyske fitaliteit' fan krimpgebieten. Dat is ien fan de trije pylders fan it Interbestuurlijk Actieplan Bevolkingsdaling. Ekonomyske fitaliteit fan plattelânsregio's is ek ien fan de tema's fan it koartlyn sletten koälysje-akkoart fan de provinsje Fryslân foar de tiid 2015-2019.

Foar it omsetten fan it tema 'ekonomyske fitaliteit' yn passend belied is kennis nedich. Op 'e skaal fan krimpregio’s is kennis lykwols net samar beskikber. Besteande stúdzjes- en monitorkaders binne faak ôfstimd op gruttere gebieten, lykas provinsjes, COROP-regio's of lânsdielen. Foar kennis op maat is ynformaasje op gemeentlik nivo nedich. It byinoar-bringen fan soksoarte ynformaasje kostet tiid, bygelyks omdat gemeentlike ynformaasje krap en faak datearre is. Boppedat is ferlikingsmateriaal nedich.

In oar ferlet is de evaluaasje fan it belied op lange termyn: wat wurke yn it resinte ferline wol en wat net? Hoe hat de regionale ekonomy him oer in langer skoft (sûnt likernôch 1975) ûntjûn? Antwurd op dy fragen kinne helpe by it beoardieljen fan beliedskeuzen yn de heine takomst. Ek geandewei it útfieren fan ekonomysk belied yn Noardeast-Fryslân kin effektrapportaazje bydrage oan in effisjinte foarmjouwing fan belied.

De foarleine swierrichheden rjochtfeardigje in kombinaasje fan fûneminteel en tapast ûndersyk. It tapaste ûnderdiel fan dit projekt rjochtet him op in systematyk foar regionaal-ekonomyske kennis dy't oanslút by de beliedspraktyk fan krimpregio's De sintrale fraach dêrby is: mei hokker gaadlike metoade kin kennis oer regionale ûntjouwing en effektiviteit fan regionaal-ekonomysk belied wûn en dield wurde. Under 'gaadlike metoade' wurdt ferstien in konkreet stappeplan dat praktysk tapasber is, dat wol sizze: rekken hâldt mei de beheinde beskikberheid oan tiid en saakkundigen yn de regio. Underdiel fan it metodologysk ûndersyk is it eksperimintearjen mei ûnderskate foarmen fan kennisdielen. Kennisdielen hâldt yn dat it ûndersyk besprutsen wurdt mei de wichtichste belanghawwers, dat de resultaten sa optimaal bydrage oan beliedsfoarming.

It fûneminteel-wittenskiplik ûndersykspart wurdt útfierd yn de foarm fan in promoasjeûndersyk. Dêryn wurdt de regio Noardeast-Fryslân ferlike mei twa oare plattelânsregio's, nammentlik it Waldviertel yn Eastenryk en Meetjeslân yn Flaanderen. Yn it ûndersyk wurdt neigien hokker effekten it endogene groeibelied op dy regio's hân hat. Undersocht wurdt hoe't dy regio's beynfloede binne troch it eigen krêft-tinken, wat sizze wol: hokker ympakt gong út fan it idee dat kwetsbere regio's har sterke sektoaren weromkenne, erkenne en fierder útbouwe moatte? De sintrale ûndersyksfraach is: yn hoefier is de ekonomyske, sosjale en politike struktuer fan de Europeeske plattelânsregio's beynfloede troch de opkomst fan endogene ûntjouwingsideeën sûnt 1975?

It tapaste en it fûnemintele part fan dit projekt stypje inoar. Yn 2016, 2017 en 2018 sil neier sjoen wurde nei de sektoaren toerisme, lânbou en yndustry. Dy sektoaren foarmje de tema's yn de 'ekonomyske fitaliteitsscan' dy't op de jierlikse moetingsdei fan Netwurk Noardeast presintearre wurdt. Yn dy scans sil in benchmark dien wurde mei de regio's fan ferliking. Om dy ferliking meitsje te kinnen, is it promoasjeûndersyk nedich. De ferlykjende wurkwize wurdt systematysk útwurke yn it proefskrift.

 

 

Ekonomyske fitaliteitsskens

In rige fan fjouwer stúdzjes, part fan in mearjierrich ûndersyk nei ekonomysk belied yn de regio Noardeast-Fryslân. Yn dizze jierrapporten wurde trends en ûntwikkelingen yn wurden en sifers beneamd.

 

Wittenskiplike publikaasjes

Molema, M. & van der Zwet, A. (2017). Research Network on Regional Economic and Policy History. Planning Perspectives.

Hoogeboom, B. (2014). De lange weg naar krimp. Anderhalve eeuw ontvolking in oostelijk Friesland. It Beaken, 76(4), 311-338.