Skip to main content

Fryslân 1750-1900: persoanen en perselen

Macht, besit en romte yn Fryslân

Wa wenne yn 1770 yn jo hûs? Of wa wie yn 1880 eigener fan it stik greide neist it doarpshûs? It antwurd op dy en gâns oare fragen oer huzen en lân út it tiidrek 1750-1900 leit ferburgen yn it kadaster, histoaryske belestingadministraasjes, folkstellingen en wykregisters. It is de ambysje fan de Fryske Akademy om dy ynformaasje oer ús foarteam en harren besit te digitalisearjen en te lokalisearjen. It histoarysk geografysk ynformaasjesysteem HISGIS sil útwreide wurd mei kadastrale perseelynformaasje út it tiidrek 1879-1887. Dêrneist sil foar ferskate Fryske stêden bewennersynformaasje út de tiid 1750-1850 beskikber komme en romtlik te rieplachtsjen wêze, lykas berop, religy, boargerlike status, âldens en fermogen.

 

Undersykstema
Macht, besit en romte yn Fryslân

Projektlieder
prof.dr. Hans Mol

Meiwurkers
Bram Boonstra
Theo Delfstra
ing. Johan Feikens
Sigrid Kingma MA
Jamal Kotati
drs. Peter van der Meer
drs. Mark Raat
John Reeders
Thomas Vermaut
Karin van der Woude

Rintiid
2015-2019

Finansiere troch
Provinsje Fryslân (RedBot)

 

 

 

Al goed tsien jier is de Fryske Akademy mei HISGIS yn Nederlân in foaroprinner yn it romtlik werjaan fan histoaryske data. Foar hiele Fryslân en ûnderskate oare regio’s is de âldste kadastrale kaart fan 1832 digitaal beskikber. Foar elk perseel kin men de eigener, syn/har berop, de belestbere wearde en oerflakte rieplachtsje. Mei Fryslân 1750-1900: persoanen en perselen wurdt dy ynformaasje útwreide. It projekt bestiet út twa parten: in útwreiding mei letnjoggentjinde-iuwske kadastrale ynformaasje foar hiele Fryslân en in útwreiding mei rigen bewenners- en húsgegevens spesifyk foar in tal stêden út de tiid fan 1750 oant 1850.

Foar de presintaasje fan de histoaryske gegevens sil de besteande basislaach fan it âldste kadaster foar 1832 oanfolle wurde mei in ekstra rige kaartlagen. Under mear de kadastrale mutaasjekaarten fan 1879-1887, de Ljouwerter wykkaarten fan 1843 en 1873 en Smedema’s kaart fan Dokkum út 1778. Troch op dy kaarten op in perseel of hûs te klikken komme dêrfan de eigeners- en bewennersgegevens beskikber foar de brûker. Dy ynformaasje is helle út folkstellingen, kiesregisters, befolkingsregisters en belestingoanslaggen. Presintaasje yn HISGIS is net allinnich nijsgjirrich foar genealogen: it biedt ek nije ûndersyksperspektiven foar histoarisy, sosjologen, erfguodsaakkundigen, sneupers, ensafuorthinne.

It projekt is nei in tariedingstiid offisjeel begûn yn oktober 2015. De earste faze bestie út in detaillearre ferkenning fan gaadlik en relevant boarnemateriaal. Yn april 2016 is in ploech kollega’s úteinset mei de fektorisaasje fan kaartmateriaal en it oernimmen fan histoaryske ynformaasje. Omdat dy ynformaasje fia it kadastrale perseelnûmer yn HISGIS opnommen wurdt, is it needsaaklik om dêr de iermoderne belestingnûmers en it njoggentjinde-iuwske húsnûmer oan te ferbinen. De ûntwikkeling fan rigen keppele nûmeringen wurdt foar guon stêden dien yn ’e mande mei lokale histoarisy. Dêrnjonken wurket de Fryske Akademy op it mêd fan gegevensdieling gear mei Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert. De earste resultaten sille nei’t ferwachte wurdt healwei 2017 beskikber komme.

 

Publikaasjes

Raat, M.A. (2016). Friesland en de landelijke invoering van huisnummers in 1806. Sleutels tot het verkrijgen, lokaliseren en integreren van historische bewonersinformatie. De Vrije Fries, 96, 39-60.