Skip to main content
    Wannear: tongersdei 11 april 2019 fan 9.30 oant likernôch 17.00 oere (ynrin fan 9.00 oere ôf)
    Plak:Van Hall Larenstein, Agora 1, 8934 CJ Ljouwert
    Tagong: fergees; yn it foar oanmelde is lykwols al needsaaklik
    Fiertaal: Nederlânsk

 

 

Fotografy fan Daniël Hartog

It Biologysk en it Lânboukundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearje yn nau oparbeidzjen mei Veenweide Fryslân in sympoasium oer de feangreideproblematyk. Sintraal stiet hoe ’t it yn Fryslân en it oarepart fan Nederlân stiet mei de kennis, dy 't nedich is om oplossings te bieden.

Wy wolle kennis en ynnovaasjes foar de takomst fan feangreidegebieten diele: wat is beskikber, wêr wurdt (lanlik) oan wurke, wat mist noch en hoe geane wy dêr mei te set? Njonken in pear plenêre ûnderdielen binne der trije omgongen mei wurkwinkels. Underwerpen dy't oan bod komme binne:

  • Hoe is it fean wieter te meitsjen en hokker ynfloed hat soks op de delgong fan it meanfjild en de emisjes fan broeikasgassen?
  • Hoe is de wikselwurking tusken in wieter feangebiet en de regionale wettersystemen?
  • Hoe is wieter fean mei in takomstperspektyf foar de lânbou te kombinearjen?
  • Hoe kinne wiete tylten en ekosysteemtsjinsten in bydrage leverje oan in nij takomstperspektyf?
  • Hoe kinne natuer en lânskip yn it feangreidegebiet fuortsterke wurde?
  • Hoe binne fundearrings fan gebouwen wiet te hâlden?

  

Programma

tongersdei 11 april 2019, Van Hall Larenstein, Ljouwert

 

 9.00-9.30 oere

Ynrin mei kofje/tee

9.30-10.00 oere

a. Yntroduksje fan it tema

 

10.00-10.45 oere

b. Hoe is wieter fean mei in takomstperspektyf foar de lânbou te kombinearjen?

10.45-11.00 oere

Wikselje

11.00-12.00 oere

OMGONG 1 WURKWINKELS

 

c. Hoe kinne wiete tylten in bydrage leverje oan it takomstperspektyf foar wieter fean?

d. Hoe kinne maatskiplike tsjinsten bydrage oan takomstperspektyf foar wieter fean?

12.00-13.00 oere

LUNCH

13.00-14.15 oere

OMGONG 2 WURKWINKELS

 

e. Hoe is de wikselwurking tusken wietere feangebieten en regionale wettersystemen?   

f. Hoe kinne wy mei it oanpakken fan de feangreideproblematyk natuer en lânskip fuortsterkje?

14.15-14.30 oere

Wikselje

14.30- 15.30 oere

OMGONG 3 WURKWINKELS

 

g. Hoe is fean wieter te meitsjen en hoe wurket soks út op feanoksidaasje - meanfjilddelgong - broeikasemisjes? 

h. Hoe kinne wy kwetsbere fundearrings (langer) beskermje?

15.30-15.45 oere

Sammelje

15.45-16.15 oere

i. Plenêre ôfsluting

Wat hawwe wy yn de wurkwinkels oan kennisfragen ophelle?

Hoe passe dy yn in lanlik ûndersyksprogramma feangreide?

16.15 oere en fierder

Ofsluting mei in hapke en in drankje.

 

 

Oer de organisatoaren

De Fryske Akademy set him sûnt 1938 yn foar it fûneminteel en tapast wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, skiednis en kultuer. De wurkgroepen en stúdzjerûnten fan de Fryske Akademy fungearje as platfoarm foar boargerwittenskip en as moetingsplak foar kennisdieling.

Veenweide Fryslân is in gearwurkingsferbân tusken provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en sân lânboupartijen en natuer- en miljeuorganisaasjes.