Skip to main content

Sympoasium Willem Loadewyk

Steedhâlder en strateech (1560-1620-2020)

Dit jier is it 400 jier lyn dat steedhâlder Willem Loadewyk te Ljouwert ferstoar. Troch syn steedhâlderskippen is syn namme ferbûn oan de skiednis fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Wilens de Opstân tsjin it Spaansk-Habsburchske gesach ferankere er it noardeasten fan de Nederlannen yn de Republyk. Hy hie boppedat ynfloed yn de tsjerke en it ûnderwiis. Syn polityk late lykwols ek ta yntern ferset. It is dêrom tiid om op ’e nij syn betsjutting te hifkjen. Dit sympoasium is ien fan de aktiviteiten yn dit Willem Loadewyk jier dêr’t soks yn bart.


Datum: freed 4 desimber 2020
Plak: Online via Zoom
Tiid: 10.00 - 15.30 oere
Priis: Dielname is fergees
Tagong: nei opjefte by baly@fryske-akademy.nl. Jo krije dan de tagongslink tastjoerd. Der is plak foar maksimaal 100 dielnimmers.


Oanpast programma

Deifoarsitters en organisaasje: Hanno Brand en Joop Koopmans
Fiertaal: Nederlânsk

Omdat it programma no folslein online is, yn plak fan op lokaasje en fia livestream, is it justjes oanpast:

Moarns
10.00  Zoomromte iepen
10.15  Iepening en wolkom troch Hanno Brand
10.25  Hotso Spanninga – Willem Lodewijk, ‘ús heit’, als hoeder van de Friese eenheid
10.50  Hidde Feenstra – Stadhouder Willem Lodewijk: grondlegger van Noord-Nederland?
11.15  Anton van der Lem – Willem Lodewijk en de Republiek
11.40  Joop Koopmans – In de bijrol? De eigentijdse weergave van stadhouder Willem Lodewijk in prenten

  • Oanbieding fan it earste eksimplaar fan de sympoasiumbondel oan de boargemaster fan Ljouwert, Sybrand van Haersma Buma
  • Oanslutend skoft

Middeis
13.15   Ynlogge foar it middeisprogramma
13.30   Wolkom en yntroduksje middeisprogramma troch Joop Koopmans
13.35   Yme Kuiper – Oorlogshelden: eer, roem en geloof. Willem Lodewijk versus katholieke adellijke officieren en stadhouders, 1580-1600
14.00   Lidewij Nissen – ‘De bron van alle goeds’. Willem Lodewijk als vaderfiguur in de zeventiende-eeuwse Nassaudynastie
14.25   Hanno Brand – Met Willem Lodewijk in de krant. Beeldvorming en herinneringscultuur rond een Friese stadhouder (circa 1848-1913)
14.45   Brêge fan it ferline nei hjoed-de-dei troch Joop Koopmans
14.50   Paneldiskusje mei Goffe Jensma, Anton van der Lem en Josse Pietersma: Hoe denken wij nu over Willem Lodewijk?
15.30   Ofsluting

Nei eltse lêzing is der gelegenheid ta it stellen fan fragen. Tusken de lêzings yn sit fiif minuten ‘wikseltiid’, sadat jo ek efkes efter jo skerm wei kinne.