Skip to main content

Oprop foar bydragen: Mercator International Conference

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligen en Taallearen organisearret op 7 en 8 novimber 2024 syn 1st International Conference yn it Oranje Hotel yn Ljouwert.

It tema fan dizze konferinsje is Shaping Policy for Minority Languages and Multilingualism. It doel fan dizze konferinsje is in platfoarm biede foar en diskusjes te stimulearjen oer beliedsûntwikkeling foar minderheidstalen en meartalichheid yn ferskate konteksten, fan thús oant yn it ûnderwiis.

Oprop foar bydragen
Wy nûgje út ta presintaasjes oer taalbelied, taalpraktiken, taalideologyen en taalattitudes op alle nivo's (ynternasjonaal, nasjonaal, regionaal, maatskiplik, ynstitúsjoneel, groeps-, húshâldings- en yndividueel). Wy ferwolkomje útstellen foar presintaasjes fan minsken út alle karriêrestadia dy't harren dwaande hâlde mei de tema's fan de konferinsje. Postdoks en begjinnende ûndersikers wurde yn it bysûnder oantrúnd om mei te dwaan.

Wy ferwolkomje yn it bysûnder bydragen oer de neikommende ûnderwerpen:

- Ynklusyf meartalich ûnderwiis - de didaktyk fan meartaligens
- Underwiis yn minderheidstalen en meartalich ûnderwiis en beoardieling
- Taalbelied foar gesinnen
- Meartalige pedagogyske wurkwizen byg. CLIL en translanguaging)
- Taalferskaat yn learareopliedings
- Belutsenens fan âlders by taalûnderwiis
- Perspektiven op taalbeliedsûntjouwings út de mienskip wei
- Regionaal taalûnderwiis en taalûnderwiis tichteby
- Taalferskaat en (wrâld) boargerskip
- Taalattitudes en harren ynfloed op it taalbelied
- (Taal)learen op ôfstân - gefolgen fan de COVID-19 pandemy foar meartalige learlingen en learlingen fan minderheidstalen
- Twatalich en trijetalich ûnderwiis
- Casestudies en praktykfoarbylden yn de ûntwikkeling fan taalbelied

Foarstel yntsjinje
De 'Call for Papers' is iepen oant 15 maaie 2024! Tsjinje hjir in útstel yn!