Intranet
WFT
KNAW
Frysk
Frysk

De Fryske Akademy: ít wittenskiplik sintrum fan Fryslân

De Fryske Akademy is in ûndernimmend ynstitút dat wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij.

Kennis útwikselje
Wy wurkje gear mei ûnderskate (wittenskiplike) ynstellings yn binnen- en bûtenlân. Elkenien is by ús fan herte wolkom, bygelyks foar advys oer de Fryske taal. De Fryske Akademy wikselet kennis en ynformaasje út mei ûnder oaren:

  • wittenskiplike ynstituten
  • profesjonele en amateurûndersikers
  • ûnderwiis en oerheid
  • har leden en donateurs
  • learlingen en studinten

Wat kinne jo op dizze website fine?
Op dizze website lêze jo ûnder oaren oer de doelstellings fan de Fryske Akademy en kinne jo in part fan ús boeken en publikaasjes besjen. Ek kinne jo fia dizze website de saakkundigen fan ús Taalburo om taaladvys freegje.

Ha jo in fraach? Nim dan kontakt mei ús op fia e-mail of belje (058) 213 14 14.

 

Nije oprop lêzingen Frysk Filologekongres

Saakkundigen kinne oant 31 jannewaris 2012 in opset yntsjinje foar in lêzing foar it Frysk Filologekongres, dat fan 13-15 juny 2012 holden wurdt. Lês fierder

Vechten, bidden en verplegen

Nij boek ferskynd fan prof. dr. Hans Mol mei tolve opstellen oer de ridderoarders yn de Noardlike Nederlannen. Lês mear

Tussen Hemsterhuis en Grimm

Dizze bondel befettet artikels fan taalwittenskipper Tony Feitsma (1928-2009) oer Joast Hiddes Halbertsma as taalkundige. Lês mear

 

 

Mooie woorden

“Fier haw ik myn dreamen weide en de himel iepen sjoen”

“I let my dreams roam far and saw the heavens open”
Obe Postma (1868-1963)